Oprjochting op 19 novimber 2006 te Koarnwert

Op snein 19 novimber 2006 is yn de tsjerke te Koarnwert in gearkomste hâlden fan it koartlyn oprjochte Obe Postma Selskip. Yn it folgjende wurdt dêr in beheind ferslach fan jûn. Yn syn wolkomstwurd memorearret de foarsitter fan it bestjoer, Siebren van der Zwaag, dat it Obe Postma Selskip leafhawwers fan it oeuvre fan Postma byien bringe wol. Fierder, dat it Selskip de bestudearring fan Postma’s wurk stimulearje wol en de útjefte fan syn wurk befoarderje wol. It Obe Postma Selskip wol alle jierren minstens twa gearkomsten organisearje oer aspekten fan Postma’s oeuvre. Fierder sil de feriening in blêd útjaan en in webstek ûntwikkelje en ûnderhâlde. Troch middel fan lêzingen, tentoanstellingen, ekskurzjes ensfh. wol it Obe Postma Selskip in krityske resepsje fan it wurk fan Postma stimulearje. Op útstel fan Siebren van der Zwaag en Jan Gulmans, oprjochters fan it Selskip, wurde Tineke Steenmeijer-Wielenga, Philippus Breuker en Doekle Elgersma by akklamaasje ta bestjoersleden beneamd.  Neist it Selskip is in Obe Postma Stichting oprjochte. Foarsitter is Siebren van der Zwaag, in pear oare leden wurde ynkoarten oansocht.

Ofsjoen fan dizze oprjochtingsgearkomste is it Obe Postma Selskip fan plan om yn it foarjier 2007 — te witten op sneon 2 juny 2007 — in Postma-reis te organisearjen by plakken yn Grins lâns, dy’t op de iene of de oare wize werom keare yn syn wurk. Philippus Breuker, lid fan it bestjoer, jout globaal oan wat de opset fan de reis is. Hy kondiget ek in byienkomst op 9 jannewaris 2007 yn Tresoar oan, dêr’t de koartlyn troch de famylje skonken stúdzjeboeken wis- en natuerkunde fan Postma oerdroegen wurde sille. Foar de hjerst fan 2007 — te witten op freed 16 novimber 2007 — stiet de earste stúdzjedei op it programma. Keazen is foar in gearhingjende rige fan lêzingen om ien tema hinne. Underwerp sil diskear de poëzy wêze. It tema is: ‘Het sublieme in de poëticale opvattingen rondom 1900’. Jan Gulmans, skriuwer/ponghâlder, fertelt wat it motyf west hat fan it bestjoer om dit tema te kiezen. It sil fanút ferskillende gesichtspunten wei benadere wurde. As sprekker is dhr. Erik Spinoy fan de Universiteit fan Luik as earste oansocht. Hy is op it ferhevene yn it wurk fan Paul van Ostayen promovearre. Gulmans kondiget ek it iepenjen fan in webside http://www.obepostma.nl oan. Webmaster is Eeltje de Vries, redakteuren binne Breuker en hy. Twa kear jiers wurdt dêrneist in printe blêd ûnder de leden ferspraat. It kwartet Festjebûs song mei pianobegelieding op muzyk sette gedichten fan Postma. Sa koe it publyk genietsje fan de lieten Lok (Anne Vogel), It wie in dei fan reinen (Joop Verbeke), Soms komt it oer my (Joop Verbeke), O ’t bliere boartsjen yn’e bûnte greide (Theo Lambooy), de Parrebeam en de Prunusbeam (dy beide lieten op musyk set troch Hindrik van der Meer, de dirigint dizze middei).

Nei de pauze, wêryn’t de omtrint 130 oanwêzigen elkoar better kennen leare koene, kaam Tineke Steenmeijer-Wielenga oan it wurd. Sij joech de Samle Fersen fan Postma yn 1978 út mei in ynlieding fan Douwe A. Tamminga. Dit boek, dat al jierren útferkocht wie, besoarge se yn 2005 opnij, no mei in ynlieding fan Philippus Breuker. Tineke Steenmeijer bespruts de opset fan de dissertaasje, dy’t sij oer it libben en it oeuvre fan Postma tariedt. Nei ôfrin fan de lêzing fan mefr. Steenmeijer — de lêzing ferskynt ynkoarten op dizze webstek, sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk — kaam it koar ‘Auke Roukes’ yn aksje. Sa waarden de lieten Fytstocht, It iere foarjier, Us Johan en Auke Roukes songen. Ungefear kertier oer fjouweren koe de foarsitter de gearkomst ôfslute en giene de oanwêzigen tefreden op hûs oan. De earste gearkomste oer de nestor fan de Fryske poëzije smakke nei mear; dat wie út de reaksjes wol dúdlik!

Jan Gulmans, skriuwer/ponghâlder

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *