Boekpresentaasje “Zekerheden in waarnemingen”

Boekpresentaasje "Zekerheden in waarnemingen"

Op freed 27 april waard yn it stêdhûs te Frentsjer it boek "Zekerheden in waarnemingen, Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900" oanbean. It boek is utjûn troch utjowerij Verloren te Hilversum (ISBN 978-90-8704-194-6). Foarôfgeand oan de presentaasje waarden wy rûnlied  yn it Eise Eisinga Planetarium troch de foarsitter fan it Obe Postma Selskip, George Huitema. Yn it stêdhûs waarden,  nei hertlik ûntfongen te wêzen troch de burgermaster Fred Feenstra,  twa interessante foardrachten hâlden, te witten troch Huib Zuidervaart en Cees Andriesse. Der wiene in protte minsken op ôf kommen; sa’n fiif en sechstig ! It wie in och sa noflike middei, lykas op de ûndersteande foto’s dúdlik te sjen is. Mei dank oan George Huitema foar de bewerking fan de foto’s.

  

Foar de folsleine samling foto’s mei ûnderskrift klik hjir

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *