Algemiene Ledegearkomste 2013

Hjirby noegje ik jimme út namme fan it bestjoer fan it Obe Postma Selskip út foar de jierlikse ledegearkomste. Dy gearkomste wurdt hâlden op moandei 11 febrewaris 2013 yn Kafee Wouters, Sophialeane 5, te Ljouwert, tiid: 19.30 oant 21.30 oere.
Wurklist Algemiene Ledegearkomst: 

(1)     Iepening.

(2)     Mûnling jierferslach 2012, ferslach ledegearkomste 24-1-2012.

(3)     Tebek- en foarútsjen: meidielingen oer 2012 en plannen foar de takomst.

(4)     Finansjele saken: finansjeel ferslach 2012, kas-kommisje, begrutting 2013.

(5)     Utstel foar en ferkiezing fan twa nije bestjoersleden (gewoan lid en ponghâlder). It bestjoer ropt leden dy’t har kandidaat stelle wolle – óf foar de funksje fan bestjoerslid óf foar de funksje fan ponghâlder – op dit witte te litten oan de skriuwer.
Oanslutend it ôfskie fan de bestjoersleden Philippus Breuker en Hylkje de Jong.
(6)     Wat fierder op it aljemint brocht wurdt.
(7)     Ofsluting.
 
Skoft
Nei it skoft twa ûnderdielen. Earst in lêzing fan Dr. Marco Goud (yn 2003 promovearre op Ziende verbeelding. Over zien en (on)zichtbaarheid in poëzie en poëtica van P.C. Boutens) oer de relaasje tusken Postma syn bêste freon T.J. de Boer en P.C. Boutens.
De hear Goud skreau my: ‘Obe Postma had, zoals bekend, grote bewondering voor de dichter P.C. Boutens (1870-1943). Hij is door Philippus Breuker wel de ‘Friese Boutens’ genoemd. Postma vertaalde enkele gedichten van Boutens in het Fries en hij schreef een gedicht over Boutens’ bundel Strofen uit de nalatenschap van Andries de Hoghe. In mijn bijdrage zal ik ingaan op Boutens’ dichterschap en de raakvlakken tussen Boutens en Postma. Daarbij zal ik ook ingaan op Boutens’ contact met T.J. de Boer, aangezien Postma Boutens vermoedelijk via De Boer leerde kennen’.
Nei de ynlieding fan Marco Goud sil Tineke Steenmeijer-Wielenga in presintaasje jaan fan in (digitalisearre) fotosamling út in Album fan Meindertje Yntema-Postma, de âldste suster fan Obe en de beppe fan Doekle Elgersma, lykas bekend in âldomkesizzer fan Obe. Yn en nei oerlis mei Doekle hat Tineke dizze famyljefoto’s fan in ûnderskrift foarsjoen. De samling is oanfold mei foto’s út de fotobase fan Tresoar.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *