Eagje oer ús lânsdouwenFerslach fan it reiske fan it Obe Postma Selskip
Lykas oare jierren, waard ek dit jier in reiske troch it Obe Postma Selskip organisearre. Op sneon 23 maaie 2009 stiene der sa’n 35 dielnimmers by it NS-stasjon te Ljouwert klear om yn in bus fan de firma Dalstra oan it reiske te beginnen. Dit reiske stie yn it teken fan (feroaringen yn) it Fryske lânskip. De sosjaal-geograaf en histoarikus Meindert Schroor wie oanlutsen om ús tidens de reis it ien en oar te fertellen oer tal fan tema’s oangeande it lânskip.
De rûte gong oer Snits, Alde Himdyk, Drylts, Nijesyl, Abbegea, Wolsum, Nijlân, Boalsert, Warkum, It Heidenskip, Hylpen, Warkum, Parregea, Dedzjum, Tsjerkwert, nochris Boalsert, Eksmoarre, Gaast, Piaam, Makkum, Wytmarsum, Penjum, Arum en Achlum fia Frjentsjer werom nei Ljouwert. Tanksij de manûvrearkeunst fan de sjauffeur berikte de bus fia de Alde Himdyk Drylts en alle rillegau die bliken, dat Meindert Schroor in begenedige ferteller is, dy’t yn steat is oer terpen, ferfeaning, bediking, feanpolders, Karboan, miedenferkaveling en wat net al ynnimmend te fertellen. Klaas Bruinsma brocht dat sa ûnder wurden: Hjoed hat in tûke skroar in feestmantel snien út ’e lape. Koarte intermezzo’s, wêryn Aly van der Mark gedichten lies en wêryn, foarsafier nedich, Philippus Breuker taljochting joech, soargen derfoar, dat ek de relaasje Postma en it lânskip alle oandacht krige. Faak beskriuwt in gedicht fan Postma, sa skreau Breuker, in lokswjerfarren, sa’t it lânskip dat de dichter oandien hat. Tiid falt dan by Postma wei. Wat er dan wjerfart, is yn it waarnommene it bliuwende. Yn Nijesyl stapten we efkes út de bus en skôgen de âlde Wimerts oer, dy’t earder wol Stienwikerfeart neamd waard. Dat tsjut op de belangrike ferbining mei Westfalen. Yn it Sjineeske wok-restaurant te Boalsert brûkten we de kofje. Noch foar it middeisbrochje by de ‘Wijnberg’ (ek) yn Boalsert, kamen we troch it Heidenskip mei syn fersprate pleatsen, ek troch Hylpen mei syn oare ekonomyske basis fan skipfeart en lânbou en syn dêrmei gearhingjende oare lânboustruktuer fan mienskarren en mieden, en rieden wy by Iemswâlde lâns, dêr’t Postma in pleats út 855 weromfûn hat dy’t der noch leit. Under it middeisbrochje fertelde Breuker eat oer de plannen fan it Selskip. Hylkje de Jong hie dy foar de jierren 2006 oant 2016 op papier set. Op dichterlik mêd kamen Willem Abma en Klaas Bruinsma oan it wurd. Bruinsma, bekind fan in fariëteit oan fertalingen (wêrûnder de Ilias en de Odyssee en stikken fan de saneamde tragici) makke in ‘Obiade’ op it reiske. It is te moai om it net yn syn gehiel op te nimmen. In Lytse Obiade Muze, besielje myn sang fan de treflike reis fan it selskip! Klaas fan Easterein. Willem Abma, lykas alle oaren, wie efkes stil nei dizze master op it mêd fan Homeryske heksameters. Lykwols, hy woe reagearje en op de efterside fan (wat like) in sigarekistke dichtte hy: Op Klaas Bruinsma Wy harken ûnder it kostlik miel Obe Postma-reiske 23 maaie 2009 Om op Postma en it lânskip werom te kommen: neffens Breuker wie it gedicht Snein-te-middei (1922), neist wat oare gedichten út dat jier, it earste wêr’t it de skiednis fan it lânskip is dat it wjerfarren bepaalt. Postma’s argyfûndersyk hie Postma dêr gefoelich foar makke. Dêrtroch kin er yn it besteande it âlde werkenne en dêrmei it bliuwende en gelikense. It spilet yn Grinslân, Postma is op wei nei Wierum. Hy sjocht de pleats, it âlde stee, it hôf en it fjild en hy ken de eardere bewenners, want yn argiven hat er har nammen fûn. No kin it lân dêre him eigen wurde, lykas Fryslân fanâlds al west hat. De libbensstream, it bliuwende dat trochgiet en belibbe wurdt, ferbynt de dream fan de dichter en it aktive belibjen fan de jeugd. It gedicht De Lodde (1923) giet oer it bliuwende nut fan it lânwurk. Wat mar in ienfâldich stik ark liket, wurdt, sa skriuwt Breuker, betwinger fan de krêft fan natuer. De lodde, mear as ien kear maat en freon neamd, is mar de tsjinner fan him dy’t it stik ark brûkt. Dy mei dan weireitsje, hy hat dien wat dien wurde moast. It binne deselde wurden dy’t Postma op it alderlêst fan syn libben oer himsels notearre: ‘Mar ik haw dien hwat moast.’ Dat siet him heech. Al yn it gedicht Hjerst fan 1903 hjit it: (myn ferlangst is) ’sûnder print fan died net út it wurk te gean’ en yn It wurk fan 1912 hat er it oer minsken dy’t fan har dwaan in print hjir efter litte wolle.
Lyk as yn jonge tiid myn rinnen sneins, Troch 't simmersk lân, mei âld’re trouwe freon, Sa wêze, maten, jimme reis mei my; Hjoed hat wer wat fan d’ âlde langst my dreaun. Hoe gûnen wy – wie 't jimmer sinne en ljocht? O 't binnenpaad de blanke finne troch! Koesto dat doarp? Sjochst hoe 't om hege terp Sjochsto dat hûs? It bochtich tek is grien, Sjochsto dat hôf? In mânske rige stiet; – O freon, Jo binne wei; wy haww’ Jo brocht Yn de neimiddei teagen wy troch Makkum, Wytmarsum, Penjum, Arum en Achlum fia Frjentsjer werom nei Ljouwert. Siebren van der Zwaag betanke Meindert Schroor, Aly van der Mark, Philippus Breuker, Hylkje de Jong en, net yn ’t lêste plak, de man, dy’t de heksameters fan Homerus fol taspilngen op rigels fan Postma oersette nei it Obe Postma-reiske, te witten Klaas Bruinsma. Takomme jier stiet it reiske yn it teken fan de besibbens tusken Jan Jacob Slauerhof en Obe Postma. Ek Jorwert sille wy dan oandwaan! Jan Gulmans, skriuwer
Dielnimmers oan it reiske by Gaast op ´e seedyk Publisearre 5 juny 2009 |