S 12, Wintermiddeidream (1902)

 

S 12, Wintermiddeidream (1902)                             
 
Ik tink oan dy, myn Fryslân leaf,
’k Sjoch wyt fan snie dyn flakke greiden,
Dyn moaie wetters glêd bebaand,
As blinkend lint troch brune reiden.
 
Dêr driuwt en dûnset mei lûde nocht
Dyn libben, myn Fryslân, hinne:
Jong bloed, eastewyn, moai sterk iis
En fier yn it suden de sinne!
 
As eilânen yn ’e wite see
Lizze dyn pleatsen oer ’t fjild te rêsten; 
Swiet slomje dêr ûnder it reade dak
De kij yn har waarme nêsten.
 
Sa’n pleats yn wintermiddeisliep
Sjoch ik lizzen yn ’t lân allinne;
Nêst it hûs it âlderwetske hôf,
In brede grêft dêr om hinne.
 
In famke is dêr op it iis te wurk:
Mei in stuoltsje leart hja it riden,
Earst docht hja flink in skek‑twa foarút,
En set har dan wer nei gliden.
 
Har lytse noaske wurdt sa read
En kâld wurde har de hannen;
Hja glydt ek wat by de redens del,
Hast al te slop binn’ de bannen.
 
O myn famke, jong Fryslân, myn bern,
Do skrepster mei dyn read noaske,
Hâld oan mar, do fljochtste elts gau foarby,
Dat duorret noch mar in lyts poaske!
 
Dat sizze dy, myn famke, foar wier
Dyn mem en ik, dy’t it sjogge:
Dyn mem ta de keamersfinsters út
En ik sa as dichters dat dogge.
 
Dit gedicht giet werom op ien dat miskyn wol it earste is dat Postma dichte hat doe’t er yn 1900 mei dichtsjen begong. Dat wie boppedat yn it Nederlânsk! It is in oersetting út 1902 fan Winterzondag (SF 605). Dat smyt de fraach op oft er yn 1900 noch wol daliks derfoar keazen hat om yn it Frysk te dichtsjen. As dat net it gefal west hat, dan hat er lykwols noch yn itselde jier besletten om dat al te dwaan, want út 1900 binne ek De boerinne fan Surch en Om maaie hinne. Ofsjoen fan poëzy út syn studintetiid binne oars fan him gjin gedichten mear yn it Nerderlânsk bekend.
De ferskillen tusken de Nederlânske tekst en de Fryske bewurking binne grut. It iene is stiif en ferheljend, it oare flot en evokatyf. It is net it iennichste foarbyld dat Postma yn 1902 it dichtsjen ûnder de knibbel krige (sjoch myn ynlieding yn de ed. 2005 fan de Samle fersen, 565-566). Dochs is der ek noch wat oars yn dit gedicht dat it oars as oaren makket en dat is it allegoaryske. It famke dat sjoen wurdt, stiet foar Fryslân. Sa’n personifikaasje fan Fryslân komt letter yn oare gedichten noch in pear kear foar. Wol is it sa dat ek yn it Nederlânske twa wrâlden elkoar treffe, dy fan it famke yn ’e werklikheid en dy fan de dichter, dy’t fan dy werklikheid mei syn gedicht in dream makket.  
Dat lêste bliuwt bewarre yn de Fryske bewurking, mar it allegoarisearjende/personifiearjende komt yn it Nederlânske gedicht net foar. Sels is der yn dat gedicht neat dat op Fryslân wiist. Ik sjoch dy feroaring yn oerienstimming mei it foargeande as in teken dat Postma ûnderwilens syn dichterskip as in Frysk dichterskip opfette hat. Hy sil dichtsje, net allinnich yn it Frysk, mar ek oer Fryslân.
Om krekt fan in wintertaferiel  in Frysk gedicht te meitsjen, leit yn de reden. Winter en riden makket de Friezen los. Sa skriuwt syn freon Tjitse de Boer nei oanlieding fan Waling Dijkstra’s Uit Frieslands volksleven yn in stik dat er ’Friesland’s volk’ neamt: ’Maar de kroon van alles spant het ijsvermaak. Als ’t water bevriest, dooit het hart der Friezen. .. Het volk leeft eenige dagen in ’t hooggevoel, meester te zijn van zichzelf en van zijn land’ (Tweemaandelijksch Tijdschrift 2 (1895-1896) 438).
Dat is it algemien bekende idee. Dan komt it folk ta libben. Mei Tjitse de Boer hoecht de synjalearre feroaring dêrom net te meitsjen te hawwen. Mar der is yn it Nederlânske fers dochs wat dat op De Boer wiist en dat binne ‘de heeren zoo wijs’ dy’t in kuier meitsje en it famke treffe. Dat kinne dochs min oaren west hawwe as Postma en De Boer op har sneinske kuier! It elemint fan dy hearen spilet ommers amper of gjin rol yn it gedicht, dat fierder giet mei it dreamende ik fan de dichter. It skept allinnich twa wrâlden, ien fan de wize hearen en ien fan in skreppend bern, wider lutsen: dat fan de post-Nietzscheaanske yntellektueel tusken skôgjen en libjen. Dat ferbynt it mei oare gedichten dêr’t de dichter bliken yn jout niget oan it folkslibben te hawwen. Mar hjir is it neat oars as in wat ûnbeholpen elemint út de feitlike werklikheid.  

Dat nimt net wei dat dy beide hearen it ûnderweis grif oer de ynfloed fan winter en iis op in minske hân hawwe, grif ek oer dy op har sels, en letter miskyn dochs ek noch wol oer it spesifyk Fryske karakter dat se losmeitsje. 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *