S 94, De stêd (1916)

Wiid oer ’t lân seach ik it stedsje
Dûken yn ‘e fierte op;
En oer ’t read fan dak en muorren
Grutsk omheech ús âldfolks tuorren,
Ut ‘e flakke greiden op.

O, dy stêden as hja rize
Ut ‘e lege ierde wei!
Dat is ’t sterke, machtich libben;
En wa’t d’ ieuwen oer beklibben
Hienen hjir har ljochte dei.

Krêft en fleur en blide dagen
Seit it fiere stêdsbyld ta.
‑ O, as oer de bleke finne
Ier de lange skaden rinne
En dyn ljochten blinke sa!

 

It stedsje sil Boalsert wêze, dat by Postma-en-dy foar de glêzen lei. Postma kaam letter ek noch wol op de pleats, dat it gesicht hoecht gjin jeugdoantinken te wêzen. It gedicht is mankelyk: it giet oer dea en libben. Oan de iene kant oer har dy’t yn de stêd jong en lokkich west hawwe en oer de skaden oer de bleke finne, oan de oare kant oer de langst om te libjen. Stêd en lân wurde wol faker foar elkoar oer steld yn de gedichten fan Postma: it skögjende en passive libben foar it warbere en aktive oer.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *