S 63, Op har terp (1916)

It wie sa ljocht. De pleatsen stiene
Heech op har terp yn fleur’ge ring
De blide hôven leinen iepen
Foar sinne mylde koestering.

Wat moanne of tiid? Mar al it bliere
Fan jierre‑omgong kaam hjir gear.
Ik leau… O, sjoch de finnen blinken
En fûgels doarmje om hûs en hear.

It is wol simmer. Fleare‑hagen
Mei pronk fan wite rûkers stean,
En yn it hôfke, stil, boerinne
Lit oer al ’t moai har eagen gean.

Mar, wûnder! Yn it bûthús rêste
De bûnte kij fan ’t drege miel,
En troch it lytse finster dûnset
Yn ’t stof in lichte sinnestriel.

It is wol winter. Yn it mulhús
By fromme hurd is ’t waarm en smout
En pake hat  – de neideis wille  –
Heech‑op it âlde fjurke boud.

It is as sjoch ‘k de kleurige bylden
Fan âlde twaling‑skilderij.
En fan fierwei in stille freugde
Giet oan it drôgjend each foarby.

 

Ek hjir wer in begjin mei in lokswjerfarren. It is net dúdlik fan wannear’t dat is. It koe wol wêze dat it gedicht oer ferskillende tiden giet, op sa’n manier dat dy ynienrane. Tiid falt by Postma wol mear wei. Wat er dan wjerfart, is yn it waarnommene it bliuwende.

Der binne jeugdoantinkens (it kofinster mei de ljochte sinnestriel), mar pake mei syn âlde fjurke koe wolris in ferbylding fan fiere tiden wêze. It byld is oernommen troch Douwe Tamminga yn syn roman Frjemdfolk op Barrahiem.

By Postma thús op ’e pleats hongen yn syn jeugd in winter- en in simmerprint fan itselde lânskip. Dat wie fanâlds in bekende wandfersiering.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *