S400, Yn Grinslân (1962)

S 400 Yn Grinslân (1962)

 
Sa’n fjirtich jier haw ik yn Grinslân tahâlden.
Hast de helt fan myn libben haw ik der trochbrocht.
En jimmer wer haw ik der nei stribbe it Fryske karakter fan Grinslân oertsjûgjend iepen te dwaan.
De terpen haw ik ôfreizge en de pleatsen haw ik beskôge;
De Aldfryske taaldokuminten haw ik ûnder eagen nomd;
En ik haw Helwert besocht om my eat fan bard Bernlef foar eagen stelle te kinnen.
 
Yn Grinslân haw ik myn measte fersen makke;
Mar dy fersen hiene har libben almeast yn Fryslân;
Dat wie it lân fan myn jeugd en myn leafde.
Mar in inkele kear wie dêr in ljochte dei of in freonemoeting dy’t syn eigen poëzij hie.
Myn fersen koenen myn Grinzer freonen ek net sa meinimme:
It wie in ‘frjemde taal’ en it gong oer in oar lân.
Hja seagen my mear as in man fan stúdzje dan as in dichtersman.
Yn in Grinzer ensyklopedy sille hja my beneame as in skriuwer fan lytse histoarjestikjes.
 
’Yn dat tsjerkje wurdt net mear preke en no sille hja dêr oan it ’besinnen’./ Wat in blydskip as hja dan mar nei de stim fan it Fryske ferline lústerje,/ En dy dôfhûdige Saksyske âld-man gjin baas litte!’ (út: It tsjerkje fan Fransum wurdt besinningssintrum).

De Saksyske âld-man is K. ter Laan (1871-1983), trije jier jonger dus as Postma! Postma reagearret op in botsing fan Ype Poortinga yn Frysk en Frij fan 1954 mei Ter Laan. Ter Laan hie ferûntweardige reagearre op in oanfal yn de krante fan 17 juny 1954 op syn idee dat it Fryske karakter fan Grinslân wol beweard mar net bewiisd wie. Syn punt wie dat yn East-Fryslân ek gjin Frysk west hie (wêr’t er mis mei wie), wylst dêr dochs net in stêd lei lykas yn Grins dy’t de feroaring fan taal feroarsake hawwe soe.                          

PHB, maaie 2011

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *