S399, As Fryslân in yndustrylân wurdt (1962)

S399, As Fryslân in yndustrylân wurdt (1962)
 
Fryslân, sizze hja, sil ek in yndustrylân wurde moatte.
Wêr bliuw ik dan mei dat ‘agrarysk’ fersespul,
Mei dy weagjende miede en dy baltende kij,
En dy swietrook fan wylde balsem en wite klaver?
 
By my gjin al mar klopjen en winteljen.
Op syn heechst it fallen fan in heiblok wêr Evert syn kistwurk
   hat,
Op syn heechst in mean‑ of terskmasine;
En sa’n ien as Sipke hat syn wurk op in fabryk fûn.
 
Miskien soe dy ‘rekreaasje’ fan har dy minsken noch wat 
   tichter by my bringe kinne:
Hja nimme har wei troch de ljochte lânen en sjogge de
   pleatsen mei de skuttende hôven en de bûnte kij;
De lûden en roken binne harres, dy nimme hja mei.
En it soe wêze kinne dat hja op de klaai eat fan myn âlde
   terpbuorrens te sjen krigen.
 
Mar dy rekreaasje giet meast út nei see en loft!
Dy see hat my ek fêsthâlden, myn gedichten sprekke dêr fan,
Fan skippen en weagen, fan wyn en tij;
En oan de kimen de dream fan in ljochte ûneindichheid!
 
It gedicht is wer in besinnen op de wearde fan syn poëzy. It motyf fan dit gedicht is itselde as dat yn In nije Tiid (SF 392; 1960), mar wylst it dêr hjit: ’It moat in oaren ien wêze as ik, dy’t fan sa’n libben fabryk sjonge kin’, sjocht de dichter hjir dochs wol takomst foar syn poëzy. Dat hie er ek al yn Op in ljochte dei yn septimber (SF 387; 1958), dêr’t er him yn ferwart tsjin wat ien ris sein hat: ’Dat boerespul dêr hawwe wy al genôch fan.’ Dêr tinkt er oan Friezen om utens, dy’t it lok fan har jeugd yn syn gedichten belibje kinne, hjir oan rekreanten, dy’t genietsje fan see en lân.
Alhiel sûnder yndustriële eleminten is syn wurk oars net, seit er. Mar wat er neamd hat, is dochs wat oars as yndustry. Hy is him bewust dat dy bûten syn fielen bliuwt. Yn Liet fan in lyts boarger (SF 174; 1928) skriuwt er dat ek al, dat er net de barns fan galvanisearre izer besjonge kin, sa’t de Flaamske dichter Verhaeren dat docht. Yn dat gedicht stelt er syn hope op de deaden!  

It ’ek’ út de earste rigel kin yn sitte dat de histoarikus Postma mear as ien kear skreaun hat dat Fryslân in boerelân is, sûnder yndustry of folle hannel. Sipke is Sipke Douwes de Boer, dy’t by Natoer en kultuer al neamd is. 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *