S398, Tebinnenbringen fan in âld skoalmaster (1962)

S 398 Tebinnenbringen fan in âld skoalmaster (1962)

 
Ik fûn it skrift boppe yn de kas efter de boeken.
E. Wiersema stie derop; it wie in proefwurkskrift fan Eije,
Mei algebra‑ en meetkundesommen út de twadde klasse;
Fansels goede sommen, it wie in knappe jonge;
‘Menheer, het is een wonderkind,’ sei in kear dy wize Annie op de foarste bank.
 
Mar foar de learaar wie der ek wat oars by;
Earst dy strieljende laits doe’t ik by him eris yn deselde winkel kaam;
En letter dy lilkens op syn gesicht doe’t in oare jonge yn de klasse wat ferfelend wie.
Mar ik koe dy him iepenbierjende jonge freonskip net goed genôch beanderje.
Sa stoar der wat ôf, en swietwei waard de ferhâlding mear in gewoane.
De jonge die op tiid syn eindeksamen en hat doe studearre yn de wis‑ en natuerkunde.
Mar hy is jong stoarn.
 
Mar no noch wat oer dat ‘Fryske hert’ fan dy Eije, wêroer yn earder dicht sprutsen waard.
Dat ‘Frysk’ sil wol foaral gefoelich betsjutte, al is it dat net allinne;
Ik hâld de Friezen oer it gemien foar wat gefoeliger as de Grinslâners.
(Dat bekende ‘hurde Friezen’ soe dus wol ris in ferkearde oantsjutting wêze kinne).
Wat dy Grinslâners oangiet, ik haw dochs heel wol by dy Grinzer (en Drintse) jonges myn freonen hân.
 

It oantinken moat slaan op de jierren 1910-1912. Eie Wiersema (1896-1921) siet fan 1909 oant 1914 op skoalle. De wize Annie is mooglik Annie Grommers. Sy wie yn 1908 ynskreaun. Fan har stiet in proazastik yn it Derde Gedenkboek (1914) fan de skoalle. Se spile haadrollen yn it skoaltoniel.                                                                        

PHB, maaie 2011

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *