S354, Op sokken dei (1926)

S 354 Op sokken dei (1926)                         

 
Op sokken dei – de wyn is koel en heech,
Fier yn it westen glimt it iere rea;
De wei leit foar my út: in blanke reed
De wrâlden yn; de siel bespant it gea.
 
Fêst riist der foar my op yn ’t donk’re lân
In ljochte wentenring, de skuorren, steech,
Ferbrekke foars it al te wettysk flak;
Ien stins, út âlde ieu, giet rank omheech.
 
It is gjin doarp as oare, boud fan klaai
En reid; ’t kin net as hja fergean;
In byld, begryp, wat namme moat it ha?
Mar ‘k wit, it sil yn ivichheid bestean.
 
Ien part is uzes: goddelike jeft’
Sa fêst te hâlden yn ien byld wat wie,
En mei te bouwen oan in macht’ge stêd,
Wêr’t wente hat wat ierdske stalte hie.
 
Op sokken dei – yn ’t koele hjersteljocht
De huzen riigje har yn ’t byldflak gear;
Elts blanke finster hat syn eigen skyn,
En ’t libben bringt syn tûzenstaltich hear.
 
Ut Eduard Zeller syn skiednis fan de grykse filosofy tekene Postma om 1900 hinne oan: ”Het werkelijk zijn komt (dus) alleen toe aan ’t in het begrip voorgestelde wezen der dingen.” Dit idee fan Plato komt hjir ta uting, lykas op safolle mear plakken yn e gedichten, bygelyks yn De idee fan Koarnwert (1951).
De machtige stêd is diel fan it werklike wêzen, dat net fergean kin en dat de dichter yn byld of begryp stal jout. It doarp hjir is ek it begryp fan in doarp, net in konkreet, bepaald doarp. It âlde fan ieuwen lyn past der likegoed yn as de huzen dy’t er no sjocht. Yn it tûzenstaltich hear fan it libben, hoe wikseljend fan foarm dus ek, herkent er dat wat ivich is. Soks te kinnen is de goddelike jefte yn in minske. Wyn en wolken (de blanke reed) helpe him dêrby.    

It gedicht is allinnich ferbylding, gjin lânskip út eigen oanskôgjen of wjerfarren. It heart wol ta de meast karakteristike gedichten fan Postma as unyk dichter. Sjoch oer it gedicht ek Willem Abma yn Wjerklank 9 (2011).                                                                                 

\PHB, maaie 2011

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *