S297, ‘Jo binne fêst in âld skoalmaster?’ (1947)

S 297 ‘Jo binne fêst in âld skoalmaster?’ (1947)

 
Ja, dat bin ik, myn jonge, it koe net krekter, al is it dan net sa plaisant te hearren;
Ommers, ‘âld’ en ‘skoalmaster’ dat bylket beide net sa tige.
– Mar lit ik betinke, dat ik as skoalmaster it tichtste by de jonkheid stien haw.
 
Ja, ik bin in âlde skoalmaster, en net iens helendal mislearre;
De jonkheid haw ik mei opkweke, en fan kostb’re jonge freonskippen haw ik it neibetinken:
Want by ús buorren nei it easten ta binne ek wol de eagen dy’t jo folgje en fêsthâlde,
En dy’t jo sjogge as jo der net mear binne.
 
Ja, ik bin in âlde skoalmaster, al is it ’t leksum net dat myn freonen meinimme sil,
Mar earder eat fan gloede dat de jierren net útdove hawwe,
Mar earder it frije en iepene dat giet sa’t de siele syn wegen hat.
Sa dan ek in jonge dichter?
 
It motyf fan jong bliuwen komt al ier yn Postma’s fersen foar. In dichter is foar him per definysje jong. De eagen dy’t fêsthâlde en jo folgje soe sjoen it jier fan ûntstean slaan kinne op F.A. Oonk (letter dokter te Deventer) dy’t nei de oarloch mei in maat fan skoalle Postma noch in kear yn Ljouwert opsocht. Dy stelde dat op priis Oonk wie sitten bleaun yn 1923 en Postma hie him doe sûnder fierder kommentaar of wat yn ’e simmerfakânsje Goudeiland fan Stevenson stjoerd. 
It is wol mooglik dat it ús heit west hat, dy’t de fraach út de titel oan Postma steld hat. Hy kaam in kear thús en fertelde dat er yn it Frysk in allerplezierichst petear hân hie mei in âlde heareftige persoan, dy’t yn de strjitweisberm net fier fan de Skingsterdyk ôf mei in fierrekiker nei him sjoen hie doe’t er yn it Leech mei de seine de giftige bûterblommen út ’e ûttrape wâl oan ’t meanen wie. Dat wie in byld wat Postma tige oanspriek, lykas wy witte út it gedicht Gers helje (SF 306; 1951). De hear hie him net bekend makke en my stiet by dat heit tocht dat it in learaar of sa west hie. It moat west hawwe yn 1947. Postma sil dan mei de bus nei Dronryp riden wêze en doe in eintsje run hawwe. Heit koe ek wolris de jongkeardel (doe fan 36 jier) wêze, dy’t yn it gedicht Fertrouwen (1960; SF 394) neamd wurdt. Dat soe dan op deselde moeting slaan. Der wie neffens de dichter net folle foar nedich om ien in freon te neamen, dat soe hjir dan ek út komme.                                                                             
 
PHB, maaie 2011   

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *