S 29, De hege dyk lâns (1907)

De hege dyk lâns rûn myn paad
En ‘k eage oer ús lânsdou:
Dêr lei de greide mei ’t bûnte fee
En de reid‑omrâne bou.

Oan dykskant foar my it lytse doarp
Mei syn grien‑bespitste toer,
De reade wenten dêrom gear:
Har oanhâld en har stjoer.

Dy lytse swalkers fan ’t minskeskaai
Hoe krûpe se om‑inoar ta!
Hja moatte, wat binn’ se allinne?
Har oanhâld en stipe ha!

En lofts dêr leit de wide see,
En de weagen rôlje oan,
En falle en brekke, wurde wei
En komme, komme aloan . .

 

It gedicht beskriuwt in lokswjerfarren, sa’t it lânskip dat de dichter oandien hat. De minsken op it lân wurde tekene as kwetsber, de see as ivich. De hege dyk is de seedyk ûnder Makkum, de Suderdyk. It doarpke sil Piaam wêze. Dit ein dyk hat Postma it yn syn gedichten faak oer.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *