S279, Fan libben en dea (1941)

S 279 Fan libben en dea (1941)

 
Wêrom soe ik, bejierre man, it net bestean oer libben en dea mei wat reden te kommen,
En dan net beslipe nei rym en mjitte, mar sa’t de siele it foar jin stelt?
De dea sprekt my ta yn de frjemde mannichten fan Ruslân, mar ek yn de inkelen, dy’t myn jonkheid kennen hat.
Hjoed is it in Joadsk hearke, dy’t jinsen yn jonge tiid myn freon hjitte koe,
Juster wie it in boereman, dy’t ik wend wie noch sa deis te begroetsjen, as er yn ús stêd syn kuier makke;
En it hat ek wol in miich west, dy’t ier nei in oar wrâlddiel ferfoer.
Hja hawwe har libben ôfmakke en binne ús foargûn de swierste fan alle wegen lâns;
Har stik stiet beskreaun yn syn opgong en delgong as yn in boek opsteld fan it Al‑begripen.
En myn eigen libben sjoch ik oan, dêr’t de lêste siden yn ûntbrekke (as de eindichste etappe fan in safolle‑steatetocht)
Ik lit de blêden troch myn hannen glide en freugden en eangstmen gean my wer as bylden foarby.
 
Dan ferskynt my de filosoof, dy’t ik sa faken seach mei syn heech, wat houten stal en syn losse mantel;
En ik hear wer de wurden fan in godbeleard man oer syn lêste dagen: hoe’t er folle frede hie, al wie er dan monist.
Mar wêrom soe der gjin frede wêze, as it iene wêzensbegjinsel opnomd wurdt yn it alomfetsjende lyksoartige?
– Haw ik dy frede? Sil ik dy frede hawwe? Haw ik de ierde net te leaf?
O de waarme sinne fan dizze winterdei! O it ûntsachlike dat om ús hinne is!
 
Postma is 73 en net klear foar de dea, dy’t in grut plak yn syn libben yn begjint te nimmen. In protte binne al by him weifallen, it nijs is fol fan de mannichten dy’t by Stalingrad sneuvelje Hy sjocht sinen yn it ljocht fan de ivichheid en moat dan tinke oan wat prof. Aalders sei, de teoloog en rektor magnifikus fan de Grinzer universiteit doe’t er yn 1930 spriek op de begraffenis fan prof. Heymans. Dêr hie er it net mei iens west. Om frede te hawwen mei de dea, hoecht men gjin kristen te wêzen, sa’t Aalders blykber eins fûn. Mar ek in monist hoecht dat net te hawwen, hysels teminsten hat it libben miskyn wol te leaf. Dat is it ûntsachlike – al hjit God it oars, moat men der wol by tinke. Sa giet it gedicht oer de twivel oan de hâldberheid fan de eigen filosofyske fermoedsoening mei de dea. Kieze of beslute docht de dichter net, sa’t Leopold bygelyks yn it gedicht Cheops wol die – hy wit it net.

It is net bekend wa’t it Joads hearke is, noch wa’t de boereman wie. De miich is Douwe de Boer grif, op wa’t er in gedicht skreaun hat.                                                              PHB,maaie 2011

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *