S263, Oantinken oan H. K. (1940)

S 263 Oantinken oan H. K. (1940)

 
‘Ik koe ’t net hâlde’ – wit ik noch syn wurd –
‘Fan opstân en fertriet; myn broer is stoarn,
Myn allerbêste freon!’ – Hy wie sa jong!
No hat it lot him nomd; ús giet it oan.
 
Jimm’ kenn’ mei my him ek. Fan jeugd,
Fan moed haw ’k yn myn fersen skreaun;
Wol meast fan him. En as betrou
In teken hjitte mei; sa nèi in freon.
 
Dizz’ jûn lies ’k wer dat ‘In memoriam’,
My leaf, foar Stef yn Ynje; no foar him!
‘’t Ferline is oeral’; it nimt my mei,
En by dat haltestasjon hear ik syn stim.
 
It gedicht giet oer in âld-learling, Harm Kreulen, sa’t Postma sels yn 1948 skriuwt yn in brief oan J. Wieringa. It is skreaun yn it jier fan ferstjerren. Mooglik hat Postma it berjocht fan ferstjerren (26 jann. 1940) yn ’e krante lêzen. Harm stjoerde Postma in brief yn novimber 1924. Dy hat him bewarre. Hy wie wurktúchkundige yn Ned. Ynje wurden en hie lang neat fan him hearre litten. Hy wie ûnderwilens troud en se hienen krekt in twadde bern krigen. De brief einiget mei de wurden: ’als steeds Uw U toegenegen Harm.’
Harm wie – sa blykt út it argyf fan de R-HBS – berne op 25 april 1899, kaam yn 1913 fan de iepenbiere skoalle te Valthe op de R-HBS yn Grins, bleau sitten yn twadde klasse, sakke yn 1918 foar it eineksamen, en wie doe nei de HBS yn Koevorden rekke. Dêr slagge er yn 1920. Ik nim oan dat de freonskip ûntstien is yn of nei it jier dat er sitten bleaun is, dus om 1915 hinne. En ik tink ek dat it gedicht De kuier (fan 1924; SF 177) op him slacht. In twadde learling dy’t Postma sa nei west hat, liket net bestien te hawwen. Miskyn Tsjinje ek wol (1939; SF 255).

Der wurde twa oantinkens yn it gedicht ophelle. Se hawwe elkoar in kear troffen by in haltestasjon en doe hearde Postma fan de jonge dat syn broer ferstoarn wie. Dat moat dan nei maaie 1923 west hawwe, want doe ferûngemakke Evert, in broer fan Harm. It haltestasjon moat in tramstasjon west hawwe, foar’t neist dan yn Grins. Der wie ien by it Stjerrenbosk. En Postma moast tinke oan it ferhaal ’In memoriam’ fan Augusta Peaux út Een pic-nic in proza (yn in oantekening by it gedicht ferwiist er nei de twadde druk fan 1900).Miskyn hat er itHarm wol foarlêzen. De ik-figuer yn dat ferhaal kin mar net kwyt wurde dat de mem har op in kear ûnferwachts sein hie: ”Mijn jongen is dood.’ Se hienen him op Atjeh fermoarde. Dat sizzen oerfalt him jierren letter jûns samar. Dan moat er oan dy jonge tinke. Stef, sa’t er hiet, hie yn har bernetiid syn boartersmaat west. Ut dat ferhaal komt it ’Het verleden is overal’ ek wei: ”Neen, het vlot niet, het verleden is overal en de kamer is te veel zoo geheel als vroeger.” It einiget dan sa, wer op in jûn: ”En nu, op dezen avond, komt, waar tusschen jaren liggen, als eindelijk één, samen in mijn gedachten: [folgje oantinkens] en zij verwarren zich in Stef’s zwarte haar.’ Harm wie ek dûnker, sa hearde ik yn 2005 fan in skoansuster. 

PHB, maaie 2011

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *