S257, Dichters (1939)

S257, Dichters (1939)
 
In ‘drapa’ op âld Yslâns folk hie ’r dicht:
De man trije-pinning wie ferearings plicht;
Dat waard in weldich swiere mantelspanje!
 – En hoe hie Wûnser Knillis ’t baitsje ticht?
 
In sarkastysk gedicht, sa’t puntdichten wol binne. Salverda dichte ek foar it folk, it Fryske, lykas dy Yslânske dichter foar sines, mar hý krige der amper eare fan en wie mar skurf yn ’e klean. 
It gedicht is ien fan trije. De beide oaren, ek puntdichten, geane ek oer folksdichters. Se binne te lêzen as in ferdigening fan in dichterskip dat droegen wurdt troch in folk en ymplisyt dus as in reserve hâlding foar in estetysk dichterskip.
Dit op Salverda lit de oare kant sjen, dat fan de miskende dichter,  net troch it folk wurdearre.  It is Postma syn eigen problematyk. Wat earder dat jier hie er Troch it folk hinne (SF 250; 1939) publisearre mei de rigels:
 
Ik rin troch de stêd as in ûnbekende.
Hja sizze net, sjoch dêr is de dichter fan it Fryske lân of soks eat;
En, dienen hja it al, ik soe dochs by har in ûnskuldich pielder bliuwe.
Ommers, jimm’ witte, it is mei it Frysk wat oars as mei in echte taal;

Sa kin ik my ûnbehindere yn it folk bejaan. 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *