S239, Tebinnenbringen oan de dichter Verwey (1937)

S 239 Tebinnenbringen oan de dichter Verwey (1937)

 
Hoe heucht my noch, sa’t ik dy middei siet
Mei ’t moanneskrift, yn ’t brede finsterbank,
En lies yn Nije Tún it wiis en skien gedicht:
‘Kaamsto my thús? Sjoch ’k nei safolle jierren…’
En hoe’t it fierder giet, sa stil, sa ryk.
Hoe’t skiente alles ta alles makket, gers en kerl
Oan dy gelyk: al ’t libben ûnder ’t laitsjend ljocht.
It âlde lêsmuseum hâldt in glâns
Oer fan dy dei. En letter ’t strieljend dicht
Fan Keizer Karel op it Falkenhôf;
Of Striidber Dichterskip.
Hy wie in freon oer mannich jier.
 – O frjemde gearsit, sokken freone ring!
Ien op it blanke dún, ien ûnder ’t kreunjend want;
Mar uzes is har stim, en hâldt syn gouden tiid.
 
It gedicht slacht op in middei yn it jier 1898. Doe waard yn it Tweemaandelijksch Tijdschrift Verwey syn gedicht ’De schoone schijn’ publisearre.  
It is mooglik dat Postma troch it lêzen fan in stikje fan Ter Braak op it idee kommen is ek in gedicht op Verwey te skriuwen doe’t er even earder ek in pear op Slauerhoff makke hie. Postma hold de literatuer goed by. Ter Braak hie by de dea fan Slauerhoff (yn 1936) op it kontrast wiisd tusken de dichterlibbens fan Verwey en Slauerhoff. It earste ûntjoech him yn oerienstimming mei syn keunst, dy’t posityf en konstruktyf is, stadichwei ta in ryp en skien ein; it twadde, dat fan de poète maudit, de rêsteleaze swalker oer de wrâldseeën, de negative, de dwarse ûnder alle omstannichheden, waard yn oerienstimming dêrmei ier en yn iensumens ôfbrutsen. Mar Postma kin fansels ek likegoed sels op it idee kommen wêze. Verwey en Slauerhoff wienen twa kanten fan himsels, dy’t er mei oare bylden wol faker foar elkoar oerset hie.                                                                                                     
 
PHB, maaie 2011
 
 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *