S235, Fan it Fryske lân (1937)

S 235 Fan it Fryske lân (1937)         

 
Haww’ jimm’ wol west op de terp te Biessum, en binne de reed syn suvere ring gûn –
De huzen dêr oan, de bûtdoar nei de wei keard?
In tsjerke koe net wurde; folslein oars it karspel.
Of dan te Weiwerd – folmakke – de tsjerke yn it mulpunt,
Of te Marsum, ferdold, mar it hôfke behâlden?
Te Ezing’ fansels binn’ jimm’ kundich; mar haww’ jimm’ ek stien te Oostum,
Of te Wierum op ’t heechste en de fjilden sjoen wiid om jimm’ hinne?
Dat alles is Fryslân.
 
Kenn’ jimm’ de marsk fan de Krummhorn?
Haww’ jimm’ makke op ’e geast fan Aurich nei d’ Upstalbeam Friezene pylgertocht?
Faaks binne jimm’ tein, by Ditmarschen lâns en by Eiderstedt op Noard-Fryslân ta
Om de sprake te hearren en de Halligen rizen te sjen!
Mar haww’ jimm’ ek west yn ’e greide en it gers yn jimm’ hannen field,
En haww’ jimm’ it wetter preaun út de fething fan Nommenswarf?
Dat alles is Fryslân.
 
Yn Hollân haww’ jimme west; mar haww’ jimm’ de dyk om West-Fryslân sjoen en de dorpen’ fan Schagen?
En hawwe jimme wol ris west – sa moat ik noch freegje – te Tsjom,
Sintrum fan âld Fryslân, kearn fan de klaai fan it Westereach?
Kenn’ jimm’ de pleatsen fan Tritsum en Teetlum yn heel har berin,
En de diken, de platte, slein om it âldste gea?
En haww’ jimme stien op terp of op dyk en de âlden dêr wrotten sjoen foar lân en foar libben?
Dat alles is Fryslân.
 
Dit is it Fryslân fan Postma. Alles wat er hjir neamt, hat er sels sjoen en belibbe, sa âld as it is. Guon fan de plakken hat er ek yn oare fersen neamd. Yn syn oantekenskriften docht er ferslach fan de reizen en reiskes dy’t er sa foar en nei makke om foar syn stúdzje it lânskip hjir of dêr te besjen. Oer Schagen en omkriten hie er noch skriuwe wollen yn syn Friesche kleihoeve, mar de oantekens út argiven dêre hat er net brûkt. 
Oeral yn it gedicht ferbynt er it gea mei elemintêre wjerfarrens: oer de fjilden sjen, it gers yn ’e hannen fiele, it saadswetter drinke en tinke oan it wurk dat ea dien is om it lân te winnen. Dat ferbinen binne suver sakrale hannelings, dy’t him ien meitsje mei minsken fan lang ferlyn op itselde stee. Ien makket er him ek mei syn lêzers troch it – hieltyd herhelle – ’jimme.’ Sy meitsje as hy diel út fan deselde Fryske, ieuwenâlde wrâld, al is it dat er it har freget. 
Echt ta libben wol it gedicht net komme. It beskriuwende elemint oerhearsket tefolle.

                                                                                                                                                        

 PHB, maaie 2011

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *