S220, Oantinken oan T.H.R. (1935)

S220, Oantinken oan T.H.R. (1935)
 
Ferreizge is de freon, waam mear as immen
Oangong it wurk dêr’t ik myn taak yn fûn,
En dy it wêze mocht in djoere jefte
Ta wittenis fan oerheits âlde grûn.
 
Wa libbe yn ’t âlde as hy? Dochs wie er bouwer        
En skepper; yn oar’ ieuwene ring
Hie ’r wol foar master stien by it terp‑útlizzen
En hie beplanne machtige diken’ string.
 
No wien’ him nei de hege, mânske dieders,
Dy’t oan har ie oer ’t lân de wake ha;
En hjoeddei, as de fûle buien raze,
Gean wer de tinzen nei syn wurkjen ta.
 
In In memoriamgedicht foar Tjeerd Herres Rinia (Koarnwert 1855-Peinjum 1935), in neef fan Postma en de heit fan Herre Rinia (1905-1971), dy’t direkteur fan Philips’ Natuurkundich laboratoarium yn Eindhoven west hat. Doe’t ik ris reagearre op it ûntbrekken fan Postma yn in stik oer de kombinaasje fan natuurkundige en dichter fan de hân fan de bekende natuurkundige H.W. Cazemier, antwurde dy ta myn ferrassing dat er wol fan Rinia oer him heard hie en sitearre er út ’e holle de ynhâld fan ir gedicht Rynsk (SF 226; 1936).

Tjeerd Herres wie de man fan it opfallende tinkboerd ta gloarje en eare fan de Rinia’s yn de Koarnwerter tsjerke. Hy hat syn jeugdjierren yn it doarpke beskreaun. Tineke Steenmeijer-Wielenga hat der alris oer skreaun yn Wjerklank.  

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *