S217, Juster (1935)

S217, Juster (1935)
 
’t Wie juster, sa’t de greve skôge it wurk:
De kling, dy’t húsman houde ta in wier
Foar fee en folts, har feilich honk;
Nòch flakke goaen’ wûnd’re sier.
 
’t Wie juster; effen kriemd hat sûnt
De himmelas. Wy komm’ te ried:
Wie ’t mânsker net as piramidebou
Foar kening‑god? Us heitene died!
 
Is it noch juster? D’ oere rint          
En stadich wint de see. Fersinkt it lân?
Draach oan it hoar, lis fêst mei iik.
En slút de gouden bân!
 
Sa wrotte oerbestean oan terp en dyk
As barren fan natoer.  – Mar oare stûn,
Oftakke en ferslein d’ âldieuske krêft
En hie gjin hâld; sa is fergûn?
 
Postma wie ûnder de yndruk fan de prestaasjes fan it foargeslacht. Hoe tichteby binne dy noch. It is noch mar even lyn. En dochs is der wat feroare en ferbrutsen. De lêste rigels slane op it oanlizzen fan de Ofslútdyk. Dêrmei is de see betwongen en natoer oerwûn. Oan in lange skiednis fan mânske wurken is in ein kommen, mar mear noch tink: it oerbestean fan de húsman hat in ein nommen. De see is it byld foar de oerkrêft (sjoch by it gedicht fan dy namme).

De ferliking mei de piramidebou makket Postma ek yn Oan dy’t my leze sille yn letter tiid (SF 254; 1939). 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *