S213, By de dea fan in grut stjerrekundige (1934)

S 213 By de dea fan in grut stjerrekundige (1934)

 
Har wegen gean ûneind’ge romten yn,
Har sinnen witte fierste wrâlden’ skyn;
Har tinzen hâlde as ús begripen brekt,
En harmonij is wêr’t gjin oarder sprekt.
 
Ta dichter komt de skiente himmel‑myld;
De siker wint de kosmos: it oard’re byld.
It godlik wêzen – binn’ hja bûten him? –
Niicht ta ús sfear en hat foar minske stim.
 
De dichter en de stjerrekundige toane beide op har eigen wize it godlik wêzen à la de Phaedros fan Plato, de iene yn skiente, de oare yn harmony. De dichter is passyf en ta him komt it byld, de stjerrekundige aktyf en hy feroveret it mei syn ûndersyk. It is in bekende tsjinstelling. Postma brûkt him ek yn it wurd foarôf by De Friesche kleihoeve (1934) en yn syn tankwurd foar de Gysbert Japicxpriis (1947) as er it ferskil tusken dichtsjen en wittenskiplik ûndersyk oanjout. It is ek in motyf yn oare gedichten, it earst yn It liet fan 1924. De wurden komme fan bûten as oer de dichter. Ek faker is de minske diel fan it godlik wêzen.
It gedicht jout dus rekkenskip fan twa kanten yn himsels dy’t yn wêzen ta itselde, sublime wjerfarren fiere. Dat bestiet út in wjerfarren fan ienheid mei en fan al it besteande.   
De stjerrekundige is J.H. de Sitter (1872-1934), dy’t Postma wol kend hat doe’t se beide yn Grins wennen. Sa sieten se beide yn de Wittenskiplke ôfdieling fan it Natuurkundich Genoatskip. De Sitter gong yn 1908 as heechlearaar nei Leiden. Hy is ferneamd om syn bystelling (1916/17) fan Einstein syn opfettingen oer it heelal. Yn it wurd foarôf by syn boek Kosmos (1934) skriuwt er: ”En in het bijzonder hoop ik duidelijk gewezen te hebben op de fundamenteele beginselen, die aan de zienswijzen in verschillende tijdperken, in schijn dikwijls zoo verschillend, gemeenschappelijk zijn, en aangetoond te hebben hoe in alle tijden de krachten van groote menschen gericht waren op de ontdekking van het groote beginsel der eenheid, dat ik niet beter kan uitdrukken dan door het Grieksche woord, dat ik als titel van dit boek gekozen heb.” Sa fielde Postma it dus ek oan. De Sitter giet trouwens oan de ein fan syn boek sels ek yn op de oerienkomst fan wittenskip en keunst. ”Zij zijn de hoogste manifestaties van de menschelijke geest, de wetenschap van zijn intellectueele, de kunst van zijn emotioneele kant. .. De groote wetenschapsmenschen zoowel als de groote artisten zijn vervuld met een geest van deemoed; zij zijn zich steeds bewust dat het mysterie en het verhevene in de eenvoudigste en kleinste zoowel als in de grootste dingen en verschijnselen aanwezig is en zij gelooven in de orde en eenheid aller dingen.” Postma sjocht it dus wat oars: ynstee fan intellekt en emoasje wurket hy mei de tsjinstelling aktyf en passyf.
Sjoch oer De Sitter: Jan Guichelaar, De Sitter. Een alternatief voor Einsteins heelalmodel(2009).                                                                                                          
 
PHB, maaie 2011

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *