S207, De hikke (1933)

In fêste wachter stiet er op ‘e daam
Tusken de peallen, neigeande, op syn stee;
Skier en ferware yn in trouwe tsjinst,
Beskutter fan it erf, warder fan ’t long’rjend fee.

Syn fjouwer planken lâns, syn standers óp
Joegen de ieuwen oer oan ’t gea har stal;
En tsjochst nei ’t noard, de griene marsken del,
Dy bliuwt dyn freon yn rige sûnder tal.
Foar ús gong er net op; syn omstap wie
It paad nei doarp en dyk; mar – swiidste tij –
As foars de weide nei de skuorre swinkt
Dan makke er wiid de wei nei ’t hiemstee frij.

By him wie ’t wrinzgjen as de leane lâns
Kaam jûns de maat. En mannich kear
Wie hjir it ôfskie yn ‘e ljochte nacht,
As leafde hie har lêste stom petear.

De hikkeDit gedicht sil syn ynspiraasje te tankjen hawwe oan it reiske dat Postma yn 1928 nei Noard-Frys -lân makke. Dêr seach er de oer-ienkomst yn lânskip mei Fryslân. Tusken Heide en Husum sjocht er út de trein wei dit: ”Friedichstadt haast een hollandsche stad, behalve toren met groen dak. Links een dorpje, waar een kerk op een terp schijnt te liggen. Precies friesch landschap, behalve rood vee. Veel klaver! Boerehuis duidelijk op terp, boomen op wal van sloot, hoog. Passeeren dijk; huizen op dijk (arbeiders) en een op terpje naast dijk. Links in de verte dijk en rechts geestrand. Ook slooten flink breed, precies als bij ons. Hekken precies al bij ons.” En dan makket er in tekening fan sa’n hikke: fjouwer dwarsplanken tusken twa einpeallen en yn ’e midden in planke mei skeane planken fan boppen nei ûnderen oer dy planken hinne.
It gedicht is in foarbyld fan epyske lyryk, in uterste objektivearjen fan gefoelich wjerfarren. Lykas de gedichten De lodde fan 1923, Doarp (1929) en In hûs (1930) is dit in besykjen om it Fryske wêzen yn ien byld te fangen. Oars as yn In hûs, dêr’t de dichter de dingen yn ljocht en dream foar him sjocht, jout er hjir in saaklike (wat net sizze wol: gjin gefoelige) beskriuwing. It is net it earste wêr’t er oare Fryslannen yn behellet. Dat is By ’Aus meinem Leben’ fan Friedrich Paulsen út 1927. Oare foarbylden binne Grutter Fryslân (1936) en it bekende Fan it Fryske lân (1937).

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *