S199, Bylden (1929)

S 199 Bylden (1929)                                                                       

 
’k Haw it libben yn my opnomd, sa’t it woechs út ’e wâljende ierde;
It wrotten, it bouwen, de frucht.
Tûzen ljochte sneinen hawwe my freugde brocht,
Wurksume dagen hawwe my wat fan har bloedslach litten.
Om my hinne steane de bliere jeugdgesichten,
Roazeknoppen en appelbloeisel;
Spierige krêft en ferfallene âlderdom.
It lûd fan ’e see en de rook fan it lân
Drage my oan it libben fan fiere geslachten.
Yn ’e iepen skûten de âlde farders
Strike it seil oan ’e griene kusten;
‑ Sa komme godsman en reade wrake!
Oan ’e slinke op ’e terp de reidbedutsen wenten;
Fêst yn ’e grûn de stilen fan it hallichhûs:
Ierde en iken tsjin wylde wising.
Wetter en grûn;
En de libbensstream dy’t giet troch de ieuwen.
 
Bylden fan wat er hjir en folle faker de libbensstream neamt en earne oars it ûntsachlike dat om ús hinne is of it tûzenstaltich hear fan it libben. It binne eigen wjerfarrens, oft se no yn werklikheid plak hân hawwe of yn de ferbylding fan syn histoarysk ûndersyk (en wat dy terpen en huzen oangiet ek dat fan Van Giffen). Sa omfettet er ieuwen. De wylde wising is de see, sa wurdt dy neamd yn de âldfryske rjochtsteksten, godsman fansels de evangelisten, de reade wrake de Vikingen. Oer dy beide lêsten dichtet er ek al yn 1911, as er in gedicht út de histoaryske roman Ekkehard (1855) fan J.V. von Scheffel oerset (SF 100). Histoaryske belangstelling moat er al ier hân hawwe.                                                 
 
PHB, maaie 2011

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *