S189, Dichters binne sjenners? (1928)

S189, Dichters binne sjenners? (1928)
 
It moast no wêze  – ik bin sa âld  –
Dat ik it wêzen fan ’e dingen iepen lizze koe;
Dat ik út ’e bylden wei  – sa as hja dat sizze  –
Komd wie ta de djipste krêft.
 
Mar, o wat ik fiel is net as de boarst’rige skors
En it sêfte moas fan ’e stammen;
Wat ik rûk is net as de rauwe rook fan it gers;
Wat ik sjoch is it bûthúsfinsterke
Troch it earste grien fan ’e flearebeam;
De rûning fan ’e pôle,
En de arbeider dy’t troch de fuorgen trapet
By de bou‑ikkers lâns;
En it sêfte gerimpel fan it wetter.
 
Soms ek sjoch ik de fâlden op it gesicht fan it âld minske  
Dêr’t de jierren yn fêstlein binne, foarby mar net fergûn,
Libben yn it goede ljocht;
Of it antlit fan de jonkheid, dy’t wachtet,
Blank en iepen,
Mei de sinnen, dy’t alles nimme sille.
It begryp dichter-sjenner is al klassyk (poeta vates) en wie yn de tiid fan de Romantyk algemien. Hy kiest it hjir om te boartsjen mei de tsjinstelling tusken idee, begryp of byld, dy’t dan ta de kearn hjite te kommen, en it sintúchlike, dat sa oerflakkich liket. Dat docht er wol faker, bygelyks ek yn De idee fan Koarnwert (SF 308; 1951). It binne wer hiele elemintêre yndrukken dy’t er neamt, sa gewoan dat ien dy’t se ûndergiet, it riedselachtich fynt hoe’t se sa’n yndruk meitsje kinne. It binne de wjerfarrens dy’t Gustafsson it meast ûnpersoanlike neamd hat fan wat wy besitte. In tuskenfoarm, like ynkringend, mar in ferbining tusken de beide wrâlden, binne de beide lêste bylden, de iene yn it goede ljocht, de oare blank en iepen. By dat fan it goede ljocht komt der dan noch it elemint fan de leafde foar de mem by. 
Se binne fan itselde soarte as dy’t Karel van de Woestijne yn syn ferhaal De boer die sterft in boer gewaarwurde lit dy’t op syn stjerbêd leit. Postma hie it lêzen yn 1915 en ferklearre letter dat it ta it moaiste hearde wat er koe. Hy sil dat ferhaal yn ’e holle hân hawwe doe’t er dit gedicht skreau. Ik helje ta bewiis mar in stikje oan en ûnderstreekje oerienkomsten:
 

Maar ’t is vooral uw land dat gij gezien hebt, den Zondag. Het lag rond en hoog, maar dat is goed voor den afloop van ’t water. Ter vroege lente ziet gij de aarde nog tusschen de sprietjes van ’t graan; maar te Meie komt er, slap, het aar al in en gij zijt voldaan. ’t Kool-zaad bloeit dan, en het is zoo geel dat het uwe oogen zeer doet; en in den nacht zijn de fruit-boomen nog witter dan in den dag, met al hunne bloemen. Maar het is triestig als gij den kop van de aard-appels zwart-gebrand ziet van den vorst, in dat seizoen; maar het is nog vroeg in het seizoen, en zij kunnen nog weer in nieuwe scheuten uitloopen … Als dan de zomer komt, dan is ’t weer wat anders dat gij zijt. Den Zondag-ochtend wandelt gij tusschen de koren-stukken. Gij ziet dat de rogge geel is en als een pisse; maar de tarwe is, een beetje later, rood gelijk bier. ´t Groen van de klaver is zeer groen, maar de dikke bellen zijn al zoo schoon als rooskens. De aard-appels staan ook in bloem, wit of gelijk de malven die in natte hoeken groeiën. Op dien tijd ziet gij het water ook, omdat het effen is, en blinkt. Want het is de tijd dat niets zich voor de zon kan wegsteken. Het is de tijd van de zonne-bloemen bij den mest-hoop, en, aan de achterdeur, de dahlia´s zoo groot als kinder-hoofden … (Van de Woestijne, De bestendige aanwezigheid (1927) 137-138) 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *