S186, Foarjier (1927)

O ljochte tiid! O wille sûnder miet!
Gearkommen bliid fan minske’ slachte swiet!
O heit en mem, doe’t yn it hôf de pronk
Fan maaietiid jimme yn ‘e siele sonk,
Doe kaam my dizze leafde oan.

O fiere faar en moer, doe’t – hân by hân
Oer terpe­delgong nei it bloeiend lân –
De lije wyn it wêzen stil berûn
En sêfte twang it wylde hert ferwûn,
Doe kaam my dizze leafde oan.

In ferklearring fan syn leafde foar de maitiid: de leafde fan syn âlden en syn fiere foarâlden wie ek oan de maitiid bûn. Dy fiere faar en moer yn it bloeiende terpelân lykje Adam en Eva yn it Paradys wol. Tafal of net, mar John Milton lit har yn syn Paradise Lost ek hân yn hân troch de Hof fan Eden rinne en neamt har syn grand parents.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *