S185, Jûn (1925)

De jûn giet om it stille hûs;
Hja lústerje; elts hat syn dream.
’t Is swalkjens skoft, wat lang fersonk
Sylt wer op libb’ne stream.

De frou, wêr’t hja op wachtsje mei?
O wûnder wurk! Koe noch sa’n bloei
Him iepenteare maitiids­blank?
O jûn! o tinzen’ licht gedjoei!

De wyn strykt troch it wintersk hôf;
De man giet mèi syn rûzich paad;
Dwylwegen nolk! O wyld bestean!
O frjemde tochten’ djippe saad!

De bern dream’ oer har bûnte print,
De kleur’ge wrâld fan prins en fee,
En weagje yn har lichte boat
In reis nei ûnbekende see.

Fan dit gedicht hat Postma sein: ”Ien fan de bêste gedichten, dy’t ik neffens my skreaun ha, is dan ek makke nei in print, dy’t by ús op ’e pleats yn ’e gong hong. Der wiene eins twa platen: Huiselijk lief en Huiselijk leed. Myn fers wie nei it Huiselijk lief.” Op in oar plak seit er noch, tsjin Theun de Vries, dy’t it yn syn Fryske stilistyk as ynlieding op de lyryske poëzy brûkt: ”Dochs is it stik biskriuwend (lykas ”De lodde” en ”Boerehûs’’) mei net to folle sentimint.”
It is jûn, de tiid fan de langst, de dream giet iepen. By har dy’t no libje is dat net oars as dat it altyd west hat, by elke frou, elke man en elk bern. Elk wurdt meinommen op de libbene stream fan de langst, elk nei syn eigen wêzen en bestean. It gefoel fan diel te hawwen oan dat libbene mei fuort wêze, it kin sa wer komme. It is fan alle tiden. De frou teart yn leafde wer iepen, de man lûkt wer it aventoer, de bern litte har licht en frij gean.
It is in gedicht fan klassike ienfâld. De bylden bine elemintêr, de rollen binne klassyk ferdield, de sterke emoasje wurdt noch fersterke troch it sjen op ôfstân. De minske wurdt meifierd troch sterke krêften, it bart oan him. It is in gedicht fan ûnfersniene langst yn pastorale foarm. It is in typysk romantysk libbensgefoel wat útdrukt wurdt. Dat die de print ek, dy’t him sa dierber wie, Huiselijk lief. Soe er noch te finen wêze? Dy’t it gedicht kenne, sprekt it oan. Sa Theun de Vries, sa Maarten ’t Hart. Postma sil syn eigen allinnch wêzen der ek yn field hawwe.
Wurden en sinsbou binne net altyd like maklik. It giet oer it lichte gedjoei fan tinzen, en de djippe saad fan de hertstochten. Se hawwe in toets fan erotyk. Sfear, noch bylden en motiven binne nij, nea net, ek hjir net. Postma bout stadich troch op ienkear fûne foarstellingen. Hjir kin bygelyks tocht wurde oan Yn it iere foarjier (SF 121) fan 1921 en Yn it heechst fan ’e simmer (SF 139) út 1922, mar ek al oan Us Johan, dat er yn 1911 oersette fan Klaus Groth (SF 489).

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *