S174, Liet fan in lyts-boarger (1928)

Ik bin mar in lytse bourgeois.
Gjin erfomke nimt my mei nei syn bankklûs,
En gjin arbeider yntrodusearret my yn syn fakferienigingsgebou.
Mei tûzen triedden sit ik fêst oan it libben fan de koelak.
Myn heit en myn pake hienen mear as twa kij en in hokkeling,
En wis wol lieten hja arbeidzje foar lean.
Net as in frjemd kaam ik yn it bûthús
Om de waarmte te siikjen en it ljocht fan de lantearne.
Al in pear slachten hienen myn âlden har erf;
Hoe soe ik oars de hoarnlegers witte en al de gewinten
Sa as dy har foegje.
En de âlde huzen nei fekken bemetten?

Mar no kin ik net wêze as de yndustrieel,
Ik kin net de barns fan galvanisearre izer besjonge
Of de machtige fjilden dy’t de motor bestrykt.
Ek kin ik net as de wrâlddichter wêze,
As er Flaanderens flakten besjongt, heech as ien dy’t it net oandocht;

Om’t ik hear by har
En yn har eigen taal sjong ik foar har.
Sa sil ik wol bliuwe moatte wa’t ik bin,
Fêst oan it ferline en it fryske fielen;
De wrâld sil my gjin acht slaan,
Mar faaks sille my tadien wêze
Dy’t stienen op ‘e terp en de himrik ôfeagen.

De dichter stelt him quasi-beskieden op: hy is mar in lytse bourgeois, gjin kapitalist as dy omke fan Marnix Gijsen, noch sosjalist (as hokker dichter?), en oars as Emile Verhaeren, ek in Flaming lykas Gijsen, is er gau oandien. Syn foarfaars wienen boeren, him sille dêrom allinnich ferstean sy dy’t yn it Fryske terpelân thús wienen. Mar pas op, sa beskieden is er no ek wer net: troch dy bining kin er oer de grinzen fan de tiid hinne rikke. Sa ûnbetsjuttend is in Frysk dichter dus net!
Opfallend yn dit gedicht binne wurden as bourgeois, koelak, yndustrieel, galvanisearre izer en motor. Se roppe in oare wrâld op as de Fryske, dy’t er oars altyd op himsels besjongt. It ferskil wurdt ekstra oanset troch wurden as hoarnlegers, gewinten, fekken en himrik. It gedicht is dêrom op te fetsjen as in ekspearimint mei de nije saaklike styl fan de jierren tweintich.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *