S169, Peaskemoandei (1927)

Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;
De pols op ’t skouder, foarjiers­dronken.
Ik bin te âld om dronken te wurden,
Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op ‘e jas
En wiid set ik de sinnen iepen.
Ryk en bliid leit it lân,
Griene teisters driuwe fan ‘e wâl ôf de sleatten op;
Ut it westen komt de fochtige wyn.
Efter doarpstún en hiem bliuw ik stean.
It âld stek en rou haach­guod wyld begroeid,
De gloaiende wâlen sa grien!
De brune sleat fol tyljende maitiidsgeur;
En oprinnend nei ’t hege, út modder en weaze,
De hokken en stekken fan ’t boere­eigen,
En tsjillen en slachters; en dan it binhús
Earen sa steatlik, no âld en skeamel!
O dit allegearr’ mei ien streek te omfiemjen,
– As hy dy’t ik net neame sil! –
En by it bargehok stean ik as in muorre.

Lieuwkema te MakkumPostma rint foar ’t neist fan de Makkumermar oer Leansein troch de lannen nei Lieuwkemastate yn Makkum (dat lêste is yn alle gefallen wis) en heart jonge manlju út de Himmen kommen. Dat is in byld fan ûnfergonklikheid, want út dy Himmen (in namme dy’t nei de himrik út de Midsieuwen ferwiist) komme al ieuwen manlju dy’t dêr meanden of oar wurk hienen. De dichter is ien mei har yn foarjiersdronkenheid, ek al seit er oars, en wurdt ek ien mei it âlde boerehiem, yn him is alle libben ferienige. Hy woe wol dat er al dy ienheid werjaan koe as Rembrandt (waans namme er suggestyf net neamt) – en sjochdêr it slagget him yn de lêste rigel. Perpleks fielt er him ien mei alles om him hinne, sels mei it bargehok.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *