S167, Wat de dichter witte moat (1927)

S167, Wat de dichter witte moat (1927)
 
En as it wêze mocht dat er de nachten net koe, dêr’t Rilke
   fan spriek,
En net nêst de frou wie as hja it libben brocht,
Soe it him wat jaan dat er yn syn jonkheid wûnders belibbe hie?
 
Earst it wûnder fan it bouwen.
De bûthúsdoar stiet iepen; de man leit de stiennen opinoar.
Hy bout in muorre. Op ’e muorre komt it stalhout.
Nêst him stiet de ridskipsbak mei it machtich ark.
Sa is wol groeid wat fan alle tiden like!
Dan bout ek de jonge sels;
Yn ’e ierde graaft er hoalen en gongen,
Yn it sân bout er kanalen en sluzen en fan stien tuorren
   en kastielen.
 
Dan it wûnder fan de foldiedigens fan natoer.
It hôf leit bedutsen mei de grutte, reade, swietrokige fruchten,
Dy’t de wyn naam fan de mânske beammen.
O de wille fan it rispjen, wrâlds rykdom lade op de romme
   souder!
Dan de hege weiden, dy’t ta de skuorredoar ynwraggelje;
En de blanke ierdfrucht út ’e fette grûn dold!
 
Soe it him wat jaan dat er opwoechs yn de ôf‑te‑eagjen
   Libbensmienskip fan it doarp?
Dat er it bûthús koe en de skuorre, de tún en de greide?
Dat er op ’e poepestâl wie en mei de ûngetiders yn it haailân?
Dat er de lucht koe fan it hout wêr’t oan ’e dyk it heiblok giet,
Fan it boat by it fûkfandeljen en fan ’e taan yn
 fiskermansefterhús?
Dat er de huzen koe mei stiennen flieren
En de lege swartberikke souders?
 
En, o, as er de nachten net binne, sa binn’ er de dagen       
Mei de leafde fan ’e ljochte himmel
En al ierde’ waarme gloede!
En as de frou er net is dy’t it libben tôge,
Sa is er de mem, dy’t it jimmer jaan sil,
Siele, dy’t slachten omfettet.
 
Postma learde Rilke kennen út in stik fan J.P. Wiersma yn It Heitelân fan 1927. Dit gedicht is der in direkte reaksje op, wol in teken dat er sterk troffen wie. In elemint yn syn sensaasje moat de ûntdekking west hawwe dat syn poëzy folslein foldie oan wat Rilke fan poëzy ferwachte. It gedicht is suver te lezen as in demonstraasje fan besibbens mei Rilke, yn it bysûnder mei wat dy Die Aufzeichnungen des Malte Laurids Brigge in jonge dichter oanrette, om nammentlik syn jeugdjierren te brûken foar it meitsjen fan poëzy. Hy pakt dan ek goed út mei wat it bern dat er wie as wûnders wjerfear. 
Heibaas Evert Bouwens Strandstra (1835-1914) fan Hou en syn wurk komme wol faker foar, sa yn As Fryslân in yndustrylân wurdt (SF 399; 1962) en yn Fêst oan it ferline en it Fryske fielen (SF 404; ca. 1962). Niget oan bouwen blykt ek al út ‘Wat grutte dingen docht de hantwurksman/En fol fan wûnders is it deisk bedriuw’  (Bernetiid; SF 39; 1911).

Krekt yn de jeugdjierren fan Postma is in soad oan dykferbettering en –ferheging dien. Sûnt 1864 subsidiearre de provinsje it ferfangen fan pealwurk troch stiengloaiïngen. Dy stien wienen basaltblokken út België en Dútslân. Der waarden doe noch wol peallen ferfongen, mar gâns minder. Yn 1877 waard de subsydzjeregeling tige ferromme en sa kaam tusken 1877 en 1888 in algehiele dykferbettering ta stân. Der wie in bedrach fan mear as fjouwer miljoen gûne mei muoid.  

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *