S165, It húske (1926)

S165, It húske (1926)
 
It húske haw ik goed yn my opnomd:
Keal sûnder beamte stiet it yn ’e greide,
By de seedyk.
In stek skut it ôf fan it finstik,
Wêr’t in âld hynder
Haffelt yn ’t reidguod.
In keamer hat it hûs en in skuorke;
Bleek‑griis de muorren,
Tarre it skuorke.
In seilbokse wappert oan ’e line,
En de wyn rûst troch de tillegraaftrie.
 
Soene wy stjerre?
Yn it húske libje tûzen bleek‑grize huzen,
Ofbrutsen en fergetten
Mar de trie rûst har namme.
Yn it finstik libje tûzen ôfearte lânen,
En de hynders dy’t it bebieten,
En de hannen dy’t it bedolden,
Sa sil ús lân en ús hûs bestean!
 
Us lân en ús hûs sille bestean, omdat se der west hawwe en wy ús har noch foar de geast helje kinne by it sjen fan samar in húske oan ’e dyk yn ’e greide. En soenen wy dan stjerre? In selde sensaasje jout ek it sjen fan it Arbeidershûs (SF 268; 1940): ’Lang haw ik nei it arbeidershûs sjoen;/ Hat ea in pleats my sa fêst hâlden?/ Oan gjin dyk, oan gjin feart, stiet it midden yn ’e greide.’). Wêr’t dit stiet of stie, wit ik net. Miskyn by Piaam.

Ferlern yn ‘e greide, dat hawwe se mienskiplik. Grif in byld foar de minske sûnder pols of skyld yn it libben steande. 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *