S164, De see (1926)

S164, De see (1926)
 
– Hy brocht ús de dyk út en yn ’e bocht
Naam er op ’e peallen syn stee;
En seagen wy, skoft nei skoft, wer om,
Hy digere oer ’e see.
 
Wat goudene skippen seach er gean?
O hoe’t him it wide lûkt!
Hoe’t ljocht de libbene spegel blinkt,
Hoe’t wier en wetter rûkt!
 
 – Op ’e kisten stiet Jintsje en mikert mar,
En sjocht nei in seehûn út.
Hoe ’t in mylde laits oer har wezen giet
Ta de gledde robbesnút!
 
Hja hat mei har freonen in nochlik petear,
In wûndere, rouwe tean.
It sâlte skom sit har yn ’t hier,
De wyn ritst troch har klean.
 
 – Oan ’e dyk mei it jutte‑ en jagerswiif
Belústere ik syn lûd;
O it liet fan dy’t as bern ús koe,
Dat grypt ús wol yn ’t moed.
 
Hja spriek syn rom. O dat greidefjild
Dat fan hichten noch lichten wit!
Hjir docht him iepen in djippe drang
Dy’t yn elts wêzen sit.
 
Hjir giet oan ús fuotten, yn weagen en tij,        
Fan libben de foarse stream,
En oan ’e kimen de siele wint
Syn ljochte ûneindichheidsdream.
 
De see docht in djippe drang iepen. It is de foarse stream, dy’t it libben sels is, mei oan de kimen de ljochte ûneindichheidsdream dy’t net oan de ierde bûn is as it libben.  De see, wat oars as de sljochte greide. Wat oars dêrmei ek as de Postma sa’t wy him kenne, hoe bekend oft oars dy tsjinstelling by him ek is. Dizze minder evenredige Postma hat him foaral utere tusken 1922 en 1927.
Postma keas der as dichter foar om in folksdichter te wêzen, dat is te sizzen in dichter dy’t (mei syn eigen wurden) wat fan in folk yn himsels beslút. Dat betsjutte net allinnich dat er
fersteanber skriuwe woe, mar ek dat er de gefoelens fan it folk útdrukte. En sa’n dichter dichtet net út frede, sa seit er yn 1937 as er komt op wat him mei Slauerhoff ferbynt, mar dy wurdt dreaun fan frjemde langsten.
Yn it gedicht ’Jong’ út 1928 (SF 191; 1928) hjit it: ”Ik nim my nei/ Al wat der oer my komt/ In bern yn frez’ en langst; in triljend hart/  Waans rêst is nomd,/ It kreatuer fan eigen gloed fertard”. Hy fielt him inerlik fertroud mei tefike en tegnaude beammen. Dat is yn ’Op de terp’ út 1922 (SF 127; 1922). Yn ’Winterjûn’ fan 1927 meitsje frjemde begearten dat er yn wyldkronkeljende tûken in byld sjocht fan in spoekewâld, dêr’t er yn telâne kommen is. (SF 184; 1927). Sa kin er yn 1939 yn ’Troch it folk hinne’ (SF 250; 1939) sizze: ”Sa giet ús reis net mei de blanke eagen en de kleare foarholle dêr it rêsten efter leit,/ Mar ús binne wol de grûnen, en de tochten en de oergongen.” Syn harmony is op de ûnrêst wûn.
It giet om hertstochten dy’t net te wjerstean binne. Dat drukt er yn ’Gjalp’ sa út: ”O, noch in dei-twa mids minskene slachte,/ De wûnderlik dreaunen, de goede ferlernen,/ De machtige brutsenen, de sterke ferwoechs’nen,/ De leafde-besielen, de dwylsin-fergûnen!” (SF 356; 1925).
De dwylsin-fergûnen: ek oan har tinkt er as it om it ferûngemakjen yn it libben giet. Hy hat net allinnich Rilke syn gedicht ’Der Wahnsinn’ oerset (SF 421; 1932), dat in wreed petear mei de ûngelokkige frou is, mei Marij, mar ek sels ien op de earme Jintsje makke, dy’t praat en laket mei de seehûnen.

It is in byld út syn jeugd te Koarnwerd. Jintsje libbe fan 1840 oant 1887 en stoar yn de ynrjochting te Frjentsjer.  

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *