S 16, Oan ‘e see (1901)

Oer ‘e see sile de skipkes
Mei bolle seilen, blank en brún;
Ik sjoch se driuwen sêft en swietsjes
Foarby de hege dikekrún.

 De sljochte see bûtst sêft syn weachjes
Tsjin peal‑ en stienwurk oan myn foet;
De glêde weagekopkes rôlje
Aloan yn eineleaze stoet.

De bolle wyn strykt oer my hinne
Mei frisse rook fan sâlte see . . .
Ik tink: o koe ik ivich dreame
Sa lokkich op dit sillich stee.

 

De ferlytsingswurden dêr’t dit gedicht fol fan sit, roppe in sfear fan yntimiteit op. Se drukke it ien wêzen  fan de dichter út mei wat om him hinne is. Alles wurdt lyts en idyllysk. In wjerfarren fan de esssinsje, in wjerfarren fan de oare wrâld. In dream.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *