S154, Lyk as yn jonge tiid (1924)

Lyk as yn jonge tiid myn rinnen sneins,
Troch ’t simmersk lân, mei âld’re trouwe freon,
Sa wêze, maten, jimme reis mei my;
Hjoed hat wer wat fan d’ âlde langst my dreaun.

Hoe gûnen wy – wie ’t jimmer sinne en ljocht?
Mei flugge stap de blide lannen yn!
De frjemde paden brochten wûnd’re njû,
De geaën leinen yn in nije skyn!

O ’t binnenpaad de blanke finne troch!
Gjin swieter stee as dêr’t de klaver rûkt;
Hjir oer in hout, dan wer in foarhaad lâns;
O, hoe’t ús – bern – dochs jimmer wiksel lûkt!

Koesto dat doarp? Sjochst hoe ’t om hege terp
De feart him slingert? ’t Hiem nei ’t wetter ta,
De huzen stean yn ’t rûn; op heechste kling
Leit frij it hôf; de winen sprekke ‘r sa!

Sjochsto dat hûs? It bochtich tek is grien,
De âlde ruten jouwe lytse dei;
Mar wite râne siert de muorren op,
En ek foar hûs d’ abeeljen pronkje ‘r mei.Wytze Hellinga

Sjochsto dat hôf? In mânske rige stiet;
Oer har binn’ ropp’ge stoarmen gien,
Mar sterk haww’ hja de earmen bûgd
En hjerstmis as in kening stien.

– O freon, Jo binne wei; wy haww’ Jo brocht
Nei ’t lêste stee; en wat ik sjong is wei,
Of hast fergûn – o ûnbegryplik eat!
Ferstoarn, fergûn en dochs yn ljochte dei!

Hjir wurdt ophelle wat Postma en syn eardere skoalmaster Hellinga yn 1891 op in lange kuier sjoen en belibbe hawwe. De reis sil gongen wêze oer Ingwier, de Wûnser Wearen en troch de Makkumermar. It doarp is Allingawier. It gedicht is makke op it ferstjerren fan Hellinga.
It twadde part fan it gedicht mei syn feralgemienjend ’doarp’, ’hûs’ en ’hôf’ abstrahearret fan it konkrete gesicht. De tiid is ûnderwilens in foarmjend begjinsel yn Postma’s gedichten wurden.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *