S152, De lodde (1923)

O earste gravens wûndere bedriuw!
De ierde, dy’t ús draacht, jout mei!
Do stekst de lodde er yn, hy giet yn ’t lichem op;
Dy grutte, machtige ferwint dyn krêft!
Do dolst dy hoale en grêft; de bult,
Dysto dy winst, wurdt terp of dyk;
Der is gjin ein oan watsto bouwe silst!

Yn ’t lytshús leit al ’t ark:
De lodde en skeppe, sibben, nêst inoar;
Dan – bandigers fan wâl en sleat –
Snijseine en heakkel; stikelspar en houwe,
It lichter reau.
De lodde is dyn maat, dyn hân
Past om ‘e jelt; it yl kaam fan dy feint!
It gledde blêd is skuorre fan dyn krêft,
Asto mei macht it dreauste yn ‘e grûn,
De wrede klaai tebriekst.

Dy sleat hast slatten; yn ‘e greide hast
De fuorgen dold.
Dy bou hast hakke mei dyn sterke freon,
Hoe mannich jier! It izer sliet,
Dyn lichem mei; en stiif en krom
Sa makke it wrotten dy; hast is dy ’t wurk ûntkomd.
– En allegearr’ wêrfoar? Moarn sil dyn âlde maat
Yn oare hân dy grave it stee dêrsto yn rêste silst;
En alles is foarby.

Mar yn dit gea, myn bodder, hasto boud
En dien wat moast. ’t Hie sûnder dy
Syn plak net sa yn al it ierdske hân.
De fruchten fan dyn hân
Bring’ ús fan al ’t bederf har part;
Dyn sleat is d’ ieuwen oer in skieding fan it erf.
En ast’, de lodd’ op ’t skouder, jûns nei hûs ta giest,
– De sinne blinkt der op: in byld yn gouden glâns –
Wa gûn syn wegen yn in suv’rer skyn?

”De spade (hak, leppe, lod) is het beeld van de eerste arbeid in de grond. Daarmee wordt de grond omgebroken om het zaad te kunnen opnemen en daarmee worden sloten en greppels gegraven, die de landerijen afscheiden en dienen tot afvoer van het overtollige water.” Sa stiet it yn Postma syn skôging oer De Friese Boer – toen en nu. It stik is fan 1952, hast tritich jier letter as doe’t it byld foarm krige yn it gedicht. It komt wol faker foar dat der in parallel is tusken it dichtwurk en de stikken fan stúdzje. It gedicht is faak earst. Dêr hat er dan de bliuwende foarm yn fûn foar syn fizy.
It gedicht giet oer it bliuwende nut fan it lânwurk. Wat mar in ienfâldich stik ark liket, wurdt betwinger fan de krêft fan natuer. De lodde, mear as ien kear maat en freon neamd, is mar de tsjinner fan him dy’t it stik ark brûkt. Dy mei dan weireitsje, hy hat dien wat dien wurde moast. It binne deselde wurden dy’t Postma op it alderlêst fan syn libben oer himsels notearre: ‘Mar ik haw dien hwat moast.’ Dat siet him heech. Al yn it gedicht Hjerst fan 1903 hjit it: (myn ferlangst is) ’sûnder print fan died net út it wurk te gean’ en yn It wurk fan 1912 hat er it oer minsken dy’t fan har dwaan in print hjir efter litte wolle.
Hjir wurdt oan it wurk op it lân tocht. Dat past yn syn ûntwikkeling, want no hat er each krigen foar de skiednis fan it lânskip. De wrotter hat syn spoaren neilitten. Ien fan dy spoaren is de lodde sels, mar as spoar fan earder is de sleat belangriker. Postma hie noch net lang lyn ûntdutsen dat sleatten al hiel âld binne. Troch al dy spoaren kin de lodder yn suvere skyn as byld bewarre bliuwe, dat wol sizze: stiet er bûten tiid en stee.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *