S 15, Pinkstersnein (1901)

’t Is Pinkster, Pinkster! ’t greidelân
Tilt op fan ’t brûzend blomt’.
Fan ’t gouden giel fan bûterblom
En klaver yn ‘e romt’.

Do biste myn leave blommetún,
O greide yn ‘e pinksterpronk;
Ik jou my del oan dyn trouwe hert
En fiel my dêr sa by honk.

 Dyn tûzen eagen laitsje blier
As kunden út oerâlde tiid;
Ik laitsje ek, myn blommebern,
Mar de eagen wurde my wiet.

Wat ierdske wille komt soks benei?
O hillige Pinkstersnein!
It heechste lok is op my saaid
En de himmel iepenlein.

 

De tiid falt wer wei. It is in ûnfergonklik wjerfarren dat hjir beskreaun wurdt. It sil wol pinkster west hawwe op it stuit dat it gedicht makke waard en dat dy pinksterdei ien wurdt mei in eardere pinkster, mar it kin ek allinnich dy ivige fan earder wêze. Dat it yn alle gefallen om in earder wjerfarren giet, soe ik beslute wolle út de rigels yn it gedicht ”Myn hûs’’ (SF 89): ”En dêr, in sill’ge pinksterdei,/ Lei’k skriemend, lokkich,”  dy’t wol op itselde wjerfarren weromslaan moatte.

Pinkster is de dei dat de Hillige Geast deldaalt. Postma komt hjir mei syn eigen hillige geast, dy’t bestiet út in as himelsk belibbe ierdsk wjerfarren.

Verwey hat yn it Tweemaandelijksch Tijdschrift fan 1900 in lang gedicht Pinksterheil (werprinte yn Dagen en daden). Postma lies dat blêd (syn freon De Boer siet yn de redaksje) en it soe my gjin nij dwaan dat er by it meitsjen fan syn gedicht op Pinkster dêroan tocht hat. Yn dat gedicht is de dichter ek ien mei natoer.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *