S145, Snein-te-middei (1922)

Ik seach de jonkheid kearen fan it feest,
In striid fan krêft en jeugd, mei sang en rop;
Op ’t skouder los de kleurige banier,
It iepen wezen ljocht fan sinnegloed. –
In oare stream, op ’t lichte, flugge wiel,
Strykt my foarby, de fleur’ge fierte yn;
Ik, op myn rêstich paad, lit jeugd betsjen,
En drink it lok fan simmer en fan ljocht.
Bliid leit de greide yn rynske pronk; de pleats
Op ’t oerâld stee is ien mei hôf en fjild.
Ik skôgje yn dream de wide lannen oer;
Hja binn’ my nei: ik wit har âld berin
En seach wa’t har befredige as syn erf;
Wat frjemdte wie dat is as eigen hiem.
– En wer sjoch ‘k nei wat rêd foarby my teach,
De libbensstream, dy’t giet sa as er moat.
Farre fuort! Lit wyn dy troch de hierren sûze,
Ik lit oan jonkheid jern de grutte wegen,
Myn dream giet iepen wol op stille paden.

Dit gedicht is mei in pear oaren út 1922 it earste wêr’t it de skiednis fan it lânskip is dat it wjerfarren bepaalt. Syn argyfûndersyk hat Postma dêr gefoelich foar makke. Dêrtroch kin er yn it besteande it âlde werkenne en dêrmei it bliuwende en gelikense.
It spilet yn Grinslân, Postma is op wei nei Wierum. Hy sjocht de pleats, it âlde stee, it hôf en it fjild en hy ken de eardere bewenners, want yn argiven hat er har nammen fûn. No kin it lân dêre him eigen wurde, lykas Fryslân fanâlds al west hat. De libbensstream, it bliuwende dat trochgiet en belibbe wurdt, ferbynt de dream fan de dichter en it aktive belibjen fan de jeugd.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *