S140, De lêste dei (1920)

S 140 De lêste dei (1920)

 

Hast binn’ no de blide dagen te’n ein,
En it ljocht, it ljocht fersinkt!
O weemoed, as de lette dei
Sa bleek troch de beammen blinkt!
 
De hjerstmisrook driuwt yn it bosk,        
De foet teskaait it blêd;
It is de lêste dei; it jier fergiet,
It swiete libben stjert.
 
Ik wie hast lokkich; ’t jonge folk
Seach ’k by my as myn maat.
’t Wie krêft, wêr ’k oer de fjilden gong,
Bliid ljocht lei op myn paad.
 
Wêr ’k libbens waarme bloedstream wist,
Dêr houd my fêst myn langjend hert,
Dêr die ik wiid de earmen op
En koe, op ’t iepen stee, de smert.
 
Ik leav’ it folts, dat stroffelt, krûpt,
Sa as ’t bestiet, net sa as ’t wêze soe,
En plôke freugde net nei wize sin,
Mar sa’t natoer my myld beskiede woe.
 
No is ’t de skoane libbens lêste dei –
It is fergean, wêr’t ik de tekens lês;
De siken lizze heech, ik seach
My sels sa deadlik yn it glês.
 
Farwol! In freon stapt op it skip;
Sjoch hoe’t er, âlde swalker, wiuwt!
Myn bliere maten, moed en krêft!
Farwol! Wat fan myn leafde bliuwt.
 
De dichter wie hast lokkich, hy naam it libben sa’t it wie en hie der dêrtroch diel oan, mar it komt te let. Hy is net jong en sûn mear. Syn libben is foarby. In treast allinnich is it dat er leaf hân hat, en dat mei syn gedichten dêr wat fan bliuwt. 
 
PHB, maaie 2011

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *