S121, Yn it iere foarjier (1921)

S121, Yn it iere foarjier (1921)
 
Teare blommen sêftkes weve;
Sigen wurdt yn ’t strûkguod wei;
Iere maitiids jong ferheugen
Trillet yn ’e ljochte dei.
 
Parrebeam yn tichte knoppe
Is fan jonge hope swier;
Lichte michjes fleurich dûnsje,
Yn’e ring, foar ’t blide jier.
 
Klaske giet yn wûnder dreamen
Stil it lytse hôfke rûn,
Bûcht har nei de blommefamkes:
O wat leafde hat hja wûn!
 
Memke sit op ’t stalt te skriemen,
Droef‑swiet komt de tiid werom;
O, it skruten iepentearen!
O dy keine jonge blom!
 
Oan grêftswâl yn foarse gerzen
Libbet groeikrêfts iv’ge stream;
Yn it djippe, kleare wetter
Spegelt fiere himmeldream.
 

De weevjende blommen dogge tinken oan de leafde fan Keats foar blommen op hege stâlen, it metrum, it weiwurden fan in sigentsje yn it strûkguod en it triljen fan de loft oan Frühzeitiger Frühling fan Goethe. Parrebeam, hofke, stalt en grêft ferwize mei in pleats, mem en famke nei in momint dat troch de dichter waarnommen is. Hy sil him ferwûndere hawwe om de ûngelikense stimming fan dy twa, de iene tinkt oan de takomst, de oare oan it ferline. Ik koe wolris in byld út de maitiid fan 1892 wêze. Postma wie yn maart dat jiers noch thús.  

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *