S117, Augustus-dei

Dêr leit de iepen wrâld:
De blanke see, it leave griene lân,
En op ‘e bou, yn ljocht’ en brune rige,
Ta stûke en opper stâld, de goed‑bestelde frucht.

De doarpkes om har toer, yn lytse ring,
Ferbrekke it flakke fjild; de koaien, donker bosk
Mei âld geheim, lizz’ jinsen frjemd en grut;
Yn it fergetten poelke weeft it hege reid.

It lústert fan âld Fryslân, sompich oard;
Fan klinten, ’t lege tek mei mos begroeid;
Fan jacht om it bederf, mei oerd of net;
Nei fierste tiden nimt it rûzjen mei.

Dan wint it ljochte nôt, de nije tiid
Is blier fan kleur en glâns;
It reade dak bringt libben tusken ’t grien,
Bliid gean de minsken oer de ljochte fjilden.

*

In koele keamer yn ‘e blanke rêst,
In skad’ge tún dêr’t heech it ljocht yn falt;
Dêr komt de dream: de leafste bylden rize
Fier út it wazich grien.

O wûnder grut âld hôf! De mânske beammen
Breidzj’ út har wide kom.
Dêr efter blinkt de ljochte himmelbaan
En ’t hert giet út nei fierste horizonnen.

 

Ek hjir wer de Suderdyk mei Piaam en no ek Skuzum, miskyn ek fierderwei Allingawier en Gaast. It poelke hjit fergetten, omdat it net ynpoldere is (en grif fansels ek wol omdat it wat efterôf leit). Wol ynpoldere is de mar dêr’t no it nôt stiet. Dat moat de Makkumermar wêze, dy’t yn 1878 ynpoldere is.

Der is hjir in begjin fan histoarysk belibjen. It moat hjir gean om in oantinken fan hast fjirtich jier lyn oan in besite yn 1883 op Brekkerhûs, de pleats fan syn ûnderwilens ferstoarne skoalmaat fan it gymnasium, Ype Yntema. Dy pleats stie krekt bûten de mar, oan de Skuzumer kant, mar hearde doe noch by Allingawier. Wat de dichter troffen hat en wat him safolle jier letter reden jout om deroer te dichtsjen, is wer in lokswjerfarren. Geheim, dream en wûnder binne dúdlike synjalen fan ûnútspreklik lok. Ek hjir wer ferliest er him yn ’e tiid. Der is sels in trijefâldich gearfallen: eigen oantinken oan lang lyn, fiere tiden en it momint fan waarnimmen sels wurde diel fan ien belibjen.

PHB, maaie 2010

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *