S108,Yn ’e Werkmanstraat (1918)

S108, Yn ’e Werkmanstraat (1918)
 
De Werkmanstraat leit yn ’e sneinske rêst,
De huzen kreas, blier yn ’e simmerdei.
In man sit stil foar ’t finster; sjocht ris út,
En mimert fuort, en tinkt syn libben nei.
 
Wer sjocht hy jinsen ’t âlde skuorke stean,
In himpen spultsje, ned’rich oan dyksfoet;
In stâl of fiif. In lyts en swier bestean;
O heite warber wrotten, memme noed!
 
Mar dochs hoe rom en frij. It bûthús út.
By dyk op en do sjochst de grutte wrâld.
Lofts leit dêr iepen heel it Fryske lân
En rjochts hat wiid oer d’ ierd’ de see bewâld.
 
De dyk, de see! O moarns de earste gong
Wie ’t klinkertpaadsje op! En jimmer nij
Wie dan de see, en oars syn weach, syn lûd,
De skippen en de fûgels, wyn en tij!
 
 – De weagen rinne, heech de wylde kop,
As yn in kriich mei foarsje nei it strân;
De skipper, hastich, siket feilich thús,
De fûgels fleane yn stoarmeflecht oer ’t lân.
 
Mar ek hoe spegelblank op stille jûn!
Yn ’t westen glimt rea-ljocht noch nei;
In swiet gereaunt komt fan ’e fiere waard,
En wêr komt, seiste, ’t sêfte wyntsje wei?
 
En letter, doe’t syn folk it lân yn teach                      
Hoe bleau him jimmer by it âlde stee.
Hoe lyts en nearzich wie dat greidboersfolk,
In frijer slach waachst op by dyk en see!
 
*
 
Mar by de hurd wie ’t net te rom; in flinke tsjirl
Koe by in oar; as dy syn lok net fûn!
Noch heucht him d’ earste gong; ’t mûskopjen by de doar:
‘In kreaze fint, ’k woe dat jimm’ heit dy wûn!’
 
In boerefeint moat bodzje nacht en dei!
Yn ’t neare bûthús heel de winter oer,
By hjerstmisrein trochwiet yn ’t weake lân,
In slaaf, dy’t him ferkoft foar jild en foer.
 
 
En dochs!  – Is ’t wille net, as, sterk, de jonge lea
Har bûge en rekke en licht falt dy watst’ dochst?
As simmers heech dyn kante weiden stean,
En ast’ oan ’e ikkersein dyn gledde fuorge sjochst?
 
Of ast de stille jûns mei ’t lêste foer
Nei hûs ta rydst;  – de jonge leit er op  –
It rydt sa noflik; fleurich sjongt in faam
Op ’t bjinhout: do tinkst oan dyn pop.
 
De fammen! En in rige komt er op:
Dy wie ’t ien sneintejûn en dy ien merkedei;
Mar dy in stille noft de dagen lâns,
Want rûnom naamst dat minlik antlit mei.
 
Mar wêrom moast op ’t ein dyn siele en sin
Yn wylde jacht ferbeane wegen gean?
Wiesto  – fan ’t skaai dat wyn en weagen ken  –
Net mânsk de tocht fan ’t leffe bloed te stean?
 
’t Mei wêze sa’t it wol. Hy teach dêr wei         
En nei de stêd. Dêr hie er op ’t fabryk
Syn wurk en ridlik lean. Hy fûn it wiif
En yn ’e Werkmanstraat wie no har ryk.
 
*
 
Wat stiet dy aukjeba foar ’t finster moai!
In tsjeppe went! De stêd is net sa min;
En sneins dan is it bêst. Dan is ’t de tiid
Dat men fan froeger dagen dreame kin.
 
Dit gedicht giet oer Sipke Douwes de Boer (Surch 1871-Boalsert 1916). It is in soarte In memoriam, sa’t Postma safolle gedichten skreaun hat op minsken dy’t stoaren en dy’t er goed kend hie. Hy eidet it hiele libben oer en jout it mei syn ljocht en skaad. Foarop stiet de leafde en niget dy’t him oan in blier en frij man bynt, mar tagelyk ek de spyt om it fêstrinnen yn sleur en ûnfrijens. Dat gefoel kin it optimisme fan de lêste strofe net weinimme. Men tinkt ûnwillekeurich oan in selsbyld. Postma skriuwt yn dy jierren wol gauris oer it eigen bestean mei al syn plichten. 
It is wol in winskbyld wat er tekenet. Sipke syn frou hjitte Aukje, fandêr de aukjeba foar it finster grif. In Aukjeba wie in lyts beamke en waard wol brûkt as keamerplant, mar mear dochs yn túntsjes. Fan har, Aukje de Boer-Ybema, krige Postma by syn 85ste jierdei yn 1953 noch in brief, dêr’t er hiel wiis mei wie. Douwe Kalma, dy’t him ek lokwinske hie, skreau er werom dat ’de 2 brieven fan lokwinskjen, dy’t my it leafst wienen, dy fan R.P. Sybesma en in famke út Koarnwert wienen.’ En dy brief beslút se mei: ’Nu het boek heb ik met de gedichten, maar in de Werkmanstr. hebben we niet gewoond, in de Hollandiastr. stond ons huisje. Dacht u Dr. Postma dat mijn man heimwee heeft gehad van het dijkhuis? Ik heb hem er nooit over gehoord.’
Sy kaam fan Koarnwert, mar hy wie fan Surch en hat nea op himsels yn Koarnwert wenne. Om 1878 is er mei syn âlden nei Wytmarsum ferhuze. De heit (1815-1902) wie arbeider, kastlein, komelker en heibaas yn Surch, mar waard yn Wytmarsum boer. En om 1893 wennen se wer yn Surch. Sipke sil dan wol boerefeint yn Koarnwert west hawwe, miskyn wol by de Postma’s yn de tiid dat Pieter Obes stoar. Hy soe dan ien fan de feinten west hawwe kinne dy’t neamd wurde yn it gedicht Ut ’Rommelsouder’ (SF 402; 1913). Yn 1899 ferhuze er út Wytmarsum wei nei Boalsert ta en it oare jiers troude er.  Hy kaam op ‘e molkfabryk en se wennen yn de Twadde Hollandiastrjitte yn de arbeidershuzen dy’t dêr foar dy fabryk set wienen.

Foar’t neist geane mear gedichten oer him, lykas Net deselde wrâld (SF 390; 1959), dêr’t fan ien yn sein wurdt: ‘Hawwe der libbens west dêr’t ik my sa goed yn bejaan koe as yn dat fan dy jonge kearel by de seekant wei dy’t boerefeint en arbeider waard?’ Mooglik is er ek wol Auke Roukes (SF 345; 1924). Hy wurdt by syn eigen namme neamd yn As Fryslân in yndustrylân wurdt (SF 399; 1962). En miskyn is er ek wol de Sipke yn It moaiste fan Europa (SF 316; 1953), ek al belibbet dy dêr wat wylst er al lang dea is. Ik wit net seker oft dat wol kin, want Postma docht hjir dan wat oars as wat er earne oars yn in gedicht seit,  dat er nammentlik de ferbylding net boppe de werklikheid útgean lit, mar it soe om my dochs wol kinne, want hy seit derby dat er dêr bewûndering om hat foar Emily Dickinson, dy’t it wol docht.  

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *