S 57, De Skraarder toer (1914)

S 57, De Skraarder toer (1914)
 
Us muoike, dy’t al pake’ muoike wie,
Sjoch ik by d’ útdoar stean, de holdoek om;
En jimmer sjocht hja nei de Skraarder toer
En âlde dingen komme trou werom.
 
De Skraarder toer! Har fleur’ge jonge tiid                  
Dy hie se dêr ferbrocht en d’ âlde toer
Brocht fan har libben ’t bliid betinken wer,
Hy fan it lytse doarp it haad en stjoer.
 
De Skraarder toer! My ek riz’ bylden op,
Ut faar‑en‑foarfaars rouwe tiid;
De tsjerke ’t plak, fan d’ ierd’ de himmel ’t neist,
De sterke toer in taflecht yn ’e striid.
 
‘Hark! d’ ûle ropt fan ’t hege dak:
Owie, owie! Sjoch Douwe fan Aylva gean
Mei feinten fan syn stins op kriich en brân!
Hjoed krijt it dryste reau syn lean!’
 
En: ‘Hark! De klok liedt as in gek!
Ald Jurrebaas hat syn eintsje fûn.
Twa dronken feinten hingj’ oan ’t tou,
De bargen flean’ it tsjerkhôf rûn!’
 
Fuort giet it âlde, Fryske tuorren ek;
Dan falt it geveldak, in spitske stiet;
Mar fan it nije libben wit er neat,
Dat frjemd foar him, syn eigen wegen giet.
 
De muoike dy’t al pake’ muoike wie, is Antje Sikkes Postma (Skraard 1792- Koudum? 1884). Se hie troud west en ek bern hân, mar wie nei de dea fan har man, Roelof Franks Diepenbos, yn 1852 allinnich oerbleaun. De beide bern wienen al earder stoarn. Sy die de húshâlding by har broer Pieter Sikkes, Postma syn oerpake, dy’t boer op Sottrum wie. Dy stoar in goeie wike foar Obe syn fjirde jierdei en Antje ferhuze doe yn maaie nei in oare broer yn Allingawier en letter nei Koudum.  Doe’t se op Sottrum wenne, koe Obe har út ’e hûs wei sjen.
De beskreaune sitewaasje docht tinken oan dy yn De boerinne fan Surch. Ek dêr stiet in âlde frou op in heech hiem en tinkt se oan har jeugd. Wawit hat Postma oan dit byld út syn bernetiid tocht doe’t er De boerinne fan Surch sktreau.
Der sprekt út it gedicht in foar Postma karakteristike niget oan it folkslibben. Douwe fan Aylva, dy’t dêr wol by past,  hat er grif út ien of oar boek, want sels wie er noch net mei syn skiednisstúdzje fan Fryslân begongen en boppedat hat er him yn steats- of oarlochsskiednis net ferdjippe. It is noch gjin trochlibbe skiednis. Ut oerlevering  sil er wol hawwe it ferhaal fan it belieden fan âld Jurrebaas troch in pear dronken jonge mânlju, wylst de bargen oer it tsjerkhôf fleagen.
Mei de ein hat er frijwat wraksele. Hy socht trouwens altyd tige om in formulearring dy’t him foldie. Der is in soad trochhelle en fariearre yn syn hânskriften. De beide lêste rigels hat earst it omkearde yn stien: net wit de nije toer dan net fan it nije libben, mar hy wit neat fan it âlde (en kin dêrom de neiteam net folle mear sizze).  Sa’t it no wurden is, stiet der dat de toer net mear is wat er lang west hat, ien mei de minsken om him hinne. Dy hawwe no oare ideeën. In wat riedselachtich ein.   
It gedicht koe wolris ynspirearre wêze op Piter Jelles Troelstra syn De âlde toer, al is der net folle mear oerienkomst as yn de toer as ûnderwurp fan in gedicht. Der binne wol mear ûntlieningen oan Troelstra. Men soe ek As ik opdroegen wurd (SF 232; 1936) neame kinne, no’t it oer tuorren giet. In oar foarbyld is Mei dy noch tinke? (SF 58; 1915), dat op ’Oan ’e kant fan ’e mar’ liket. Fansels fult Postma it mei ferlykbere, eigen ûnderfiningen yn, lykas oer de klaver yn it finneleech (dat lei net fier fan de foarein) en de mieden (mei de koekoeksblommen en ferjitmynetten, fierderop de Wûnzer kant út nei it easten ta). It is in gedicht foar in breed publyk, sa’nen as Troelsta skreau of Eeltsje Halbertsma (fandêr dy holders? ú Geale’ sliepke?). Dat blykt ek wol út it feit dat de dichter hjir yn de hûd fan in oar krûpt, ien dy’t er it belibje lit wat er skriuwt. Postma hat de lieten fan Troelstra en Eeltsje Halbertsma goed kend. Hy wurdearre Troelstra typysk as dichter foar it folk.
It ’owie, owie’ fan de ûle komt grif út it gedicht Winter út Love’s Labour’s Lost fan Shakespeare. Postma neamt dat gedicht as de ynspiraasjeboarne foar syn Hjerst (SF 118; 1920) (as er it net sein hie, soe men it net maklik fûn ha!).
 
When icicles hang by the wall,
    And Dick the shepherd blows his nail,
And Tom bears logs into the hall,
    And milk comes frozen home in pail,
When blood is nipp’d and ways be foul,
Then nightly sings the staring owl,
                Tu-whit;
Tu-who, a merry note,
While greasy Joan doth keel the pot.
 
When all aloud the wind doth blow,
    And coughing drowns the parson’s saw,
And birds sit brooding in the snow,
    And Marion’s nose looks red and raw,
When roasted crabs hiss in the bowl,
Then nightly sings the staring owl,
                Tu-whit;
Tu-who, a merry note,

While greasy Joan doth keel the pot. 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *