S 53, Peaske (1914)

S 53 Peaske (1914)
 
’t Is Peaske, en in leaflik bernespul
Seach ’k fan ’e middei; ’n spul fan dizze dei:
In fammerige oan ’t tossen, nuten fan in streek;
It feintsje, dat se koft hie, moast ek mei.
 
Mei âlde minsken in pear, seach ik it oan;
Dy hiene wille as ik. De fammen wiene bliid
As bern, mei neat; it waar wie moai,
Wat koe ik oars as dreame fan in âlde tiid?
 
Ik tocht oan ’t âlde feest, dat yn ’e wintertiid
Wat wille op it ienlik doarpke brocht;
It lânferhieren wie ús merkedei
En ’t nútsjetossen op it tsjerkhôf wie dan nocht.
 
O leaf fermaak! Dat wrot en boddet deis,
Mar as it Peaske is en waar as hjoed
Dan moat men wêze as bern en boartsje as hja;
Myn jonge feintsje, do diest goed!
 
Wat de dichter (hjir mear in rymker, oars) yn syn bernejierren yn syn doarpke belibbe hat, dat sjocht er nei jierren hoe’t ek oare bern belibje. It giet net om in yndividueel wjerfarren, mar om in belibjen yn mienskip mei oaren. Dat is in bekend motyf yn syn iere gedichten. It sentimint fynt er letter nochris werom yn de jeugdoantinkens fan de Noardfyske filosoof en boeresoan Friedrich Paulsen. Dat lit him dan de faak oanhelle rigel skriuwe: ”Soe it him wat jaan dat er opwoechs yn de ôf‑te‑eagjen libbensmienskip fan it doarp?” (út ’Wat de dichter witte moat’ fan 1927). Dêryn wurdt wol gauris nostalgy en konservatisme lêzen, mar it is net sasear de langst nei de sletten mienskip as it lok fan de bernejierren dat derút sprekt.
Hjir is fan tapassing wat Postma om 1900 hinne oer it estetysk belibjen skreau: ”De sterkste indrukken van genot uit de jeugd geven, als men er aan herinnerd wordt, aanleiding tot de schoonheidsaandoeningen van rijperen leeftijd. .. De eerste was van zuiver genot; de tweede is met melancolie vermengd (door ’t missen van het andere, vroegere); toch is het niet zeker of het tweede nog niet meer genot aanbiedt summa summarum (weiland in mei de vroegere herinnerend)” (OPS tg 200-03, inv. 55; Tresoar). It werbelibjen is dan net allinnich mear in opgean yn it gefoel, mar mongen mei it ynsjoch dat de oandwaning him altyd wer manifestearret, ek yn oaren, en dus net ferlern is. Foar him komt it der mar op oan om jong te bliuwen, him frij te fielen wol er it ek no’t er âlder is wer belibje kinne. Dan hat er diel oan dat wat besielet. Sa fielt er it hjir ek, hy stapt út de beskriuwing wei, sprekt de jonge ta en wurdt sa ien mei har dy’t er sjocht. Dy jefte, dy’t oerjefte is, is de stof foar dichtsjen, hjir, mar ek yn in soad oare fersen fan him.
It liket derop dat de spultsjes yn Koarnwert en Grins gelyk west hawwe. Dat yn Grins is fan bekend hoe’t it gong. Ik nim oer wat der yn Ach lieve tijd. Tien eeuwen Groningen en de Groningers oer sein wurdt:
Traditioneel hield de Groninger jeugd zich op eerste Paasdag bezig met ’neutenschaiten’. Een aantal walnoten werd op een rij gelegd en moest één voor één met een balletje worden geraakt. Iedere deelnemer mocht gooien totdat hij miste. Dan moest er een cent in de pot worden gedaan. Degene die de laatste noot wegschoot kreeg de pot.
Sjoch fierder oer de lânferhierdersdei (dy’t om it byhearrende doarpsfeest tinken docht oan it feartflagjen yn Húns, in oar lyts doarpke sûnder merke, sa’t Eeltsje Halbertsma it beskreaun hat) Tineke Steenmeijer yn Wjerklank nr 7 (2010).                                        
 
PHB, maaie 2011

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *