S 52,Te Wûns (1913)

S 52, Te Wûns (1913)

 
Hjir libbe hy, ‘oan tsjerkhôfsigg’’,
In master fan ús taal as hast gjin ien.
Wa joech ús sljochte boersk dy krêft?
Wa wist dat heit’lâns taal dàt koe?
 
Wa brocht as Salverda de sangen oer
Fan ’t âlde folk, Gods eigen bern,
Sa from, sa fêst? Wa song
Fan Fries en Fryske taal as hy?
 
Hjir libbe hy, om fan ’e Wûnzer bern
Te meitsjen fromme Friezen, ta Gods ear;
 – Al mocht dan lêze en skriuwe ek gjin kwea  –
Hjir stoar hy, earme swalker yn ’e wrâld.
 
 
It gedicht slút oan by oaren op de Halbertsma’s (1902) en Waling Dykstra (ek fan 1913). Postma wie him wol bewust dat er in Frysk dichter wie.  It is net de iennichste kear dat er oer Salverda dichte of him neamt. As ‘âld master’ docht er dat yn it bekende As ik opdroegen wurd (SF 232; 1936). Dêr wurdt ek Harmen Wiebes (Tilstra, nei de Tille oan it fuotpaad fan Wûns nei Koarnwert). En yn wat wol syn alderlêste gedicht is, Fêst oan it ferline en it Fryske fielen (SF 404), neamt er him en heibaas Evert Bouwens (Strandstra) dy’t him wat foar eagen bringe fan de boeren en fiskers yn de âlde ’oanbringen’. 
Dy Harmen Wiebes (1834-1911) wie boer te Wûns en tuskentroch ek op Sottrum ûnder Koarnwert (1862-1877). Yn 1889 waard er arbeider. It wie noch fiere oantroude famylje fan Postma. Salverda hie noch in houliksdicht op syn âlden makke, sa’t R.W. Canne yn it tydskrift Fryslân (1918) ophellet as er fertelt fan syn moeting mei him doe’t er yn 1909 yn Wûns west hie. Salverda winsket de jongelju jonges as stinzen ta, en as Canne dat neamt, reagearret Harmen Wiebes: ’In stins, hie ‘k tocht, ja, âld en brekfaliich, gau lyk mei de grûn.’ Dat sil Postma wol troch de holle gongen wêze doe’t er dy rigel oer de twa dichte.
Yn in lêzing oer eigen wurk foar de Fryske studinteferiening Bernlef romme Postma yn 1934 it byldzjend fermogen fan Salverda en hy sei derby: ‘ik haw as skriuwer miskien wol noch it measte út dit boekje [Hiljuwns uwren] leard.’ Se hienen dat thús. Syn pake, Obe Pieters, dy’t yn 1814 yn Wûns berne wie, hie by Salverda op skoalle gongen. De lêste wurden fan it gedicht hat Ypk fan der Fear brûkt foar de titel fan har roman oer it libben fan Salverda.  
It gedicht hat foar Postma syn dwaan in sterk retoaryske styl mei it oant trije kear ta herhelle: Hjir libbe/stoar hy en en de fjouwer kear herhelle retoaryske fraach: Wa joech/wist/brocht/song.  It ‘oan tsjerkhôfsigg’ ’ komt út in gedicht fan Salverda.  

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *