S 32, De graniums (1910)

S 32, De graniums (1910)

 
De graniums pronkje
Foar earmeljus glêzen,
De froulju hâld’ se
Mei leafde yn wêzen.
 
Hja binne sa grutsk
Op de reade blommen.
Dy’t buorwiif en keapman
Om ’t measte rommen.
 
As mar ienkear de bern
By de boer har ferhiere,
Dan hat men wat tiid
Om jins went op te sieren.
 
De keamer bliuwt skjin
En de stuollen blinke,
En it wiif kin ris wat
Oer it ien en oar tinke.
 
En giet dan har each
Nei de moaie blommen,
Dan sjocht men wat bliers
Oer har antlit kommen.
 
Lykas yn De boerinne fan Surch (1900; SF 11) en Foar it âlde húske (1902; SF 16) is it yn it gedicht De graniums (1910, SF 32) in frou dy’t yn neitinken tekene wurdt. It motyf is wol op te fetsjen as in teken dat de dichter him filosofysk op in sadanich stânpunt stelt dat er it libben opnimt sa’t it him oan minsken meidielt. Syn karakteristike niget oan it folksbestean sprekt derút. Dy niget dielde er mei syn freon Tjitse de Boer. Dy hat yn de tiid dat er yn Fryslân en Grins syn wurk hie, lykas hy syn oandacht oer twa gebieten ferdield, By him wienen dat Arabyske filosofy en lânbouskiednis, by Postma natuerkunde en poëzy. Dy poëzy skeelde yn wêzen net folle fan De Boer syn lânbouskiednis, want dy gedichten gongen ek oer it libben op in boeredoarp. Men soe sizze kinne dat har eigen skiednis har net los liet, wat se ek studearre hienen – boeresoannen as se wienen,
Mar de oerienkomst giet djipper. De Boer skriuwt yn syn lânboustúdzjes foaral oer de greidboer en tekenet it libben yn de Greidhoeke ferlike by it hurdere bestean yn de Bouhoeke, sawol fan Fryslân as Grinslân, as in sosjale idylle. En dat docht Postma ek! Ek hy hat it oer de greiden en it bliere libben dêre, likefolle foar boer as arbeider. Earst yn 1912 komt dêr in nij gesichtspunt by en dat is dat fan de frijheidssucht. Dy ferbyldet er yn de bewenners fan de dykhúskes dy’t der yn Koarnwert ek binne. Mar yn de poëzy oant dan ta is der in sterke oerienkomst mei de fizy fan De Boer.

Lykas bekend hienen Postma en De Boer yn de jierren tusken 1897 en 1904 as se beide op de mensa ieten suver alle dagen omgong mei elkoar en sneins kamen se by elkoar om te kuierjen en te praten. Yn de iere poëzy fan Postma binne fan dy omgong wol spoaren te finen. Ek yn dit gedicht is dat it gefal. It giet dan om de tredde strofe. It kin wol net misse dat se it hân hawwe oer wat dat De Boer notearre hat yn in stik oer ’Dienstboden en arbeiders bij den Frieschen en Groningschen veehouder’(Bijdragen tot de kennis van de provincie Groningen I (1901)). As  it dêr op bls. 116-117 oer arbeidersfroulju giet, skriuwt er: ’Zoodra de kinderen boven 12 jaar, dus meest bij den boer zijn, heeft de arbeidersvrouw het hier, vergeleken met landbouw- en fabrieksstreken, niet al te moeilijk. Haar huis ziet er dan ook, met enkele uitzonderingen, net en zindelijk uit’.   

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *