S 31, Hjerst (1909)

S 31, Hjerst (1909)
 
It wie in stille snein, wat tsjuster en wat wiet;
Fan ’t beamte, yn hjerstgiel blêd, foel sêft de rein oer ’t paad.
Wer thús by smoute hurd seach ’k út nei grize loft;
It wetter song, en harkjend waard ’k nei Fryslân laat.
 
Hoe libbet yn my ’t âlde libben fuort. Ik sjoch
De hjerst dêrjinsen: ’t fee stiet op ’e stâl en leech
Is ’t weake lân. By bûthúsdoar leit heech it gers,
De kowewazem lûkt troch d’ iepen doar omheech.
 
Ut fragelearen komm’ de bern; by dom’ny wei
De bou oer, wêr de rapen stean, nei hûs troch smoarge daam.
’t Is djirheintiid. Troch ’t bûthús rattelt lûd it kret,
In sturttou giselt en mei amers slacht de faam.
 
Sa skrept op eltse pleats it folk. Hoe’t ik har sjoch
En ’t hele dwaan no foar my ha, hja witte it net.
As master dy’t syn folk oan ’t wurk set, fiel ik my;
Hja meltse en boarne en wrotte stil, omdat ’t sa heart.
 
Mar myn ferlangst is mear: ik moat de sielen sjen,
De rin fan ’t libben en fan minsken al ’t bestean.
O, ’t folts yn my te witten, dy it kin en draach!
En sûnder print fan died net út it wurk te gean!
 
De dichter fielt him in wurdfierder fan it folk. Hy is ien fan dat folk, ek al is er dan tagelyk ek de master. Folksdichter wie er ek yn syn kar om yn it Frysk te skriuwen. Ferlykje It Frysk (SF 40; 1911):
 
– En freonen, Fryske dichters, wit it wol:
In lytse keppel lústert nei jimm’ sangen,
En dy’t oan ’t Frysk syn tinzen tabetrout,
Dy hoecht gjin rom of eare te ferlangen.
 
Mar ’t binn’ syn eigen sibben, wêr’t hy foar
It moaiste jout dat libbet yn syn siele,
En troch de wjerklank yn har eigen hert
Kinn’ hja as nimmen oars it mei him fiele.
 
It wat tryste waar ropt fiere oantinkens oan de pleats thús op. Trefseker as yn Om maaie hinne (SF 14; 1900; ferlykje it kommentaar yn de ed. 2005 op bls. 565-566) wurdt it bliuwende fan in pear trochlibbe mominten dêr tekene. Ynstee lykwols fan  him oer te jaan oan de mankelike stimming, makket de dichter in slach fan 180 graden en hellet  er dêr syn libbensopdracht út. Syn taak is it dat âlde libben te trochfielen en fêst te lizzen.
It motyf fan de dichter as de master dy’t soks docht is net nij, oare dichters brûke it ek, mar wat my wol nij taliket is in oar motyf, dat er nammentlik de sielen sjen wol, it libben en it hiele minske bestean. En ek dat hy sjocht wat har sels mar ûnbewust is.
Dat no is in gedachte dy’t men ek by syn freon Tjitse de Boer fynt. Yn in (kritysk) besprek fan E.H. Meyers boek oer Deutsche Volkskunde (Museum 6 (1898) 84 skriuwt er:
 
Wij krijgen het volk niet direkt te zien, te weinig in zijn onbewust werken en lijden, in de verdeeling van den arbeid, in zijn door allerlei verhoudingen geregeld bestaan, te veel in den spiegel van zijn eigen begrip, zijn taal, zijn poëzie.
 

Ik nim oan dat se it hjir tegearre oer hân hawwe. It sil wol in fraach bliuwe wa fan beiden it idee oppenearre hat, mar ik jou Postma wol in kâns. Eins past de gedachte net sa yn it betooch fan De Boer, dy’t ferfettet mei te sizzen dat er ekonomyske needsaak beskreaun ha wol en konstruksje sjen ynstee fan ornamint.(PHB) 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *