S 25, It wie in dei fan reinen (1903)

S 25, It wie in dei fan reinen (1903)

 
It wie in dei fan reinen
De loft egaal en skier;
En ticht hong op ’e ierde
It swurk fan wetter swier.
 
Wy sieten smûk en fredich
Op ’t stalhout byinoar
En tochten net oan boartsjen
En fleanen bûtendoar.
 
It wienen moaie teltsjes
Dy’t Auk ferhelje koe!
Dêr ’t folts mei nuv’re gongen
Syn dream yn stâle woe.
 
De mûskeblom foar ’t finster,
My tinkt ik rûk him noch,
En d’ âlde teltsjes geane
My wer de holle troch.
 
 

Auk is deselde as Auk fan Alle Boukje yn De idee fan Koarnwert. Har heit wie oan dat Alle Boukje te sjen blykber al stoarn en dan moat it nei april 1875 west hawwe. Sy wie berne yn desimber 1861 as dochter fan Alle Goverts Kuiper(s) en Boukje Jurres Heegstra. De heit hie mei it pak rûn. 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *