De dichter Postma en het landschap

In kar út syn gedichten by it reiske fan it OPS op 23 maaie 2009

Ynlieding

Het landschap neemt een belangrijke plaats in de poëzie van Postma in. Ook al gaat het steeds over wat hij zelf gezien heeft, het betreft nooit alleen maar de locatie op zich. Er zit wat dat betreft iets paradoxaals in zijn gedichten: het incidentele van tijd en ruimte wordt beeld van een eeuwigheidservaring. Hij kiest de eeuwige beelden van wolken, weiden, wind en niet te vergeten zon met hier en daar een huis of een weg en soms ook een haven of wat schepen. Het landschap van Postma is niet wat het lijkt. Het zijn niet Piaam of Schraard of Allingawier en Kornwerd, hoe vaak hij daar ook over schrijft. Wat op het oog het Friese weideland leek, blijkt bij nadere beschouwing het beeld van een innerlijke beleving. In die weilanden manifesteert zich het leven, het leven als levenskracht. Natuur is voor Postma de draagster van licht en leven. Via de natuur is het landschap voor hem een kracht die hem opneemt in een bezield verband buiten tijd en ruimte. De sensatie één te zijn met heel de wereld is heel krachtig. Soms gebeurt het bij koel en helder weer in een ogenblik van heldere bewustheid, vaker is het in overrompelende beleving als natuur in bloei staat. Menselijk ervaren wordt begrepen als volkomen passief. Wij nemen aan wat de godheid, de vormer, voor ons heeft neergezet. In het gedicht Lang haw ik nei it arbeidershûs sjoen uit 1940 spreekt een venster en identificeert het zich met het weiland dat het ziet. De beschouwer valt op zijn beurt weer samen met dat venster. Zien is zijn. Iets dergelijks lijkt er aan de hand in het gedicht Op sokken dei – de wyn is koel en heech uit 1930.

 

Postma past twee manieren toe om het landschap beeld te laten worden van onveranderlijkheid en eeuwigheid. In de eerste plaats doet hij dat door de keuze van zijn elementen. Het zijn steeds weer wolken, wind, water, weiden, aarde, zon en licht, dorp, hof, huis, boerderij, terp en hoog erf, geuren, geluiden, trillingen en gezichten niet te weinig, want de dichter kan niet genoeg van kijken en zien krijgen, en al die dingen en sensaties worden in hun eeuwigheidskarakter versterkt met adjectieven als gouden, blinkend, blank, bliid, blau, ljocht, ryk, stil, klear en fier. Ze zijn altijd werkelijkheidsgetrouw en nooit worden het symbolen, maar ze zijn toch tegelijk ook tekens van een eeuwige werkelijkheid. En in de tweede plaats is het zijn ervaring van tijd waarmee hij een sfeer van eeuwigheid oproept. De tijd valt weg. Vaak gebeurt dat doordat twee momenten uit zeer verschillende tijd samenvallen. Op beide ogenblikken wordt één zelfde sensatie beleefd van wind, wolken, zon en bloeiend weiland, één in het nu, en één in vroeger tijden. In de vroege poëzie is die in het nu altijd het uitgangspunt. Daaraan verbindt zich dan een herinnering. Maar in 1922 ziet Postma voor het eerst het landschap zelf als historisch. Daarmee is de unieke landschapsdichter Postma geboren. Er is geen andere dichter die in het landschap de oude vormen van lang geleden herkent en samen met de natuur verweeft in één magisch verband. Het is uiteraard zijn historische studie die het hem mogelijk maakt om zijn beleving van het landschap historisch te verdiepen. Daarvoor moest hij de archieven in. Zijn eerste archiefonderzoek dateert van mei 1918, toen hij op het Rijksarchief in Groningen stukken uit Wonseradeel inzag die hem uit het Rijksarchief in Friesland toegezonden waren. Dat lijkt een incidenteel geval geweest te zijn. In 1920 begon hij echter voorgoed aan zijn archiefonderzoek, dat niet meer zou eindigen zolang hij leefde. Eerst betrof het Groningen (en Drenthe), vanaf februari 1922 ook en vooral Friesland. Nu ontdekt hij dat er sinds de Middeleeuwen veel gelijk gebleven is. De percelering van het land bijvoorbeeld is nog hetzelfde en de plaats waar de boerderijen staan ook. Hij gaat woorden voor oude toestanden gebruiken, zoals huisman, tamen, binhuis, vakken van huizen, sketten (voor koeien), hemrik en hemmen, meenschar en ee. Zijn nieuwverworven kennis stelt hem in staat deel te hebben aan de belevingswereld van lang verleden geslachten. Het landschap verandert nu ook van aankleding. Er komen elementen van het werk van mensenhanden in. Vroegere geslachten hebben er hun sporen in nagelaten. Noeste arbeid die de kracht van natuur overwint wordt zelfs een thema, bijvoorbeeld in het gedicht De lodde.

Het landschap is voor Postma een middel om zijn gevoelens van eenheid met al het bestaande uit te drukken. Zijn liefde vindt erin haar vrede en voldoening. Die liefde is deel van de liefde die naar zijn klassiek geïnspireerde opvatting door de hele kosmos heen straalt. In die kosmos is al het aardse deel van het grote geheel dat buiten ruimte en tijd staat, of het nu op dit ogenblik leeft, ooit geleefd heeft of nog tot leven zal komen. Maar dat aardse deel gaat er niet in op, het verdwijnt er niet in, zoals dat in vormen van mystiek gebeurt. Zo blijven weiden weiden en is die ene meidoorn in het gedicht ook echt de meidoorn die hij zag. Postma blijft de empiricus.

(mei in inkelde wiziging oernommen út in lêzing oer it lânskip by Postma, holden op 21 maaie 2006 te Skraard en publisearre op it webstee fan go-gol)

Teksten

(1) DE HEGE DYK LANS (1907)

De hege dyk lâns rûn myn paad
En ‘k eage oer ús lânsdou:
Dêr lei de greide mei ’t bûnte fee
En de reid-omrâne bou.

Oan dykskant foar my it lytse doarp
Mei syn grien-bespitste toer,
De reade wenten dêrom gear:
Har oanhâld en har stjoer.

Dy lytse swalkers fan ’t minskeskaai
Hoe krûpe se om-inoar ta!
Hja moatte, wat binn’ se allinne?
Har oanhâld en stipe ha!

En lofts dêr leit de wide see,
En de weagen rôlje oan,
En falle en brekke, wurde wei
En komme, komme aloan . .

It gedicht beskriuwt in lokswjerfarren, sa’t it lânskip dat de dichter oandien hat. De minsken op it lân wurde tekene as kwetsber, de see as ivich. De hege dyk is de seedyk ûnder Makkum, de Suderdyk. It doarpke sil Piaam wêze. Dit ein dyk hat Postma it yn syn gedichten faak oer.

(2) OP HAR TERP (1916)

It wie sa ljocht. De pleatsen stiene
Heech op har terp yn fleur’ge ring
De blide hôven leinen iepen
Foar sinne mylde koestering.

Wat moanne of tiid? Mar al it bliere
Fan jierre-omgong kaam hjir gear.
Ik leau… O, sjoch de finnen blinken
En fûgels doarmje om hûs en hear.

It is wol simmer. Fleare-hagen
Mei pronk fan wite rûkers stean,
En yn it hôfke, stil, boerinne
Lit oer al ’t moai har eagen gean.

Mar, wûnder! Yn it bûthús rêste
De bûnte kij fan ’t drege miel,
En troch it lytse finster dûnset
Yn ’t stof in lichte sinnestriel.

It is wol winter. Yn it mulhús
By fromme hurd is ’t waarm en smout
En pake hat – de neideis wille –
Heech-op it âlde fjurke boud.

It is as sjoch ‘k de kleurige bylden
Fan âlde twaling-skilderij.
En fan fierwei in stille freugde
Giet oan it drôgjend each foarby.

Ek hjir wer in begjin mei in lokswjerfarren. It is net dúdlik fan wannear’t dat is. It koe wol wêze dat it gedicht oer ferskillende tiden giet, op sa’n manier dat dy ynienrane. Tiid falt by Postma wol mear wei. Wat er dan wjerfart, is yn it waarnommene it bliuwende. Der binne jeugdoantinkens (it kofinster mei de ljochte sinnestriel), mar pake mei syn âlde fjurke koe wolris in ferbylding fan fiere tiden wêze. It byld is oernommen troch Douwe Tamminga yn syn roman Frjemdfolk op Barrahiem. By Postma thús op ’e pleats hongen yn syn jeugd in winter- en in simmerprint fan itselde lânskip. Dat wie fanâlds in bekende wandfersiering.

(3) DE STED (1916)

Wiid oer ’t lân seach ik it stedsje
Dûken yn ‘e fierte op;
En oer ’t read fan dak en muorren
Grutsk omheech ús âldfolks tuorren,
Ut ‘e flakke greiden op.

O, dy stêden as hja rize
Ut ‘e lege ierde wei!
Dat is ’t sterke, machtich libben;
En wa’t d’ ieuwen oer beklibben
Hienen hjir har ljochte dei.

Krêft en fleur en blide dagen
Seit it fiere stêdsbyld ta.
-O, as oer de bleke finne
Ier de lange skaden rinne
En dyn ljochten blinke sa!

It stedsje sil Boalsert wêze, dat by Postma-en-dy foar de glêzen lei. Postma kaam letter ek noch wol op de pleats, dat it gesicht hoecht gjin jeugdoantinken te wêzen. It gedicht is mankelyk: it giet oer dea en libben. Oan de iene kant oer har dy’t yn de stêd jong en lokkich west hawwe en oer de skaden oer de bleke finne, oan de oare kant oer de langst om te libjen. Stêd en lân wurde wol faker foar elkoar oer steld yn de gedichten fan Postma: it skögjende en passive libben foar it warbere en aktive oer.

(4) AUGUSTUS-DEI (1920)

Dêr leit de iepen wrâld:
De blanke see, it leave griene lân,
En op ‘e bou, yn ljocht’ en brune rige,
Ta stûke en opper stâld, de goed-bestelde frucht.

De doarpkes om har toer, yn lytse ring,
Ferbrekke it flakke fjild; de koaien, donker bosk
Mei âld geheim, lizz’ jinsen frjemd en grut;
Yn it fergetten poelke weeft it hege reid.

It lústert fan âld Fryslân, sompich oard;
Fan klinten, ’t lege tek mei mos begroeid;
Fan jacht om it bederf, mei oerd of net;
Nei fierste tiden nimt it rûzjen mei.

Dan wint it ljochte nôt, de nije tiid
Is blier fan kleur en glâns;
It reade dak bringt libben tusken ’t grien,
Bliid gean de minsken oer de ljochte fjilden.

*

In koele keamer yn ‘e blanke rêst,
In skad’ge tún dêr’t heech it ljocht yn falt;
Dêr komt de dream: de leafste bylden rize
Fier út it wazich grien.

O wûnder grut âld hôf! De mânske beammen
Breidzj’ út har wide kom.
Dêr efter blinkt de ljochte himmelbaan
En ’t hert giet út nei fierste horizonnen.

Ek hjir wer de Suderdyk mei Piaam en no ek Skuzum, miskyn ek fierderwei Allingawier en Gaast. It poelke hjit fergetten, omdat it net ynpoldere is (en grif fansels ek wol omdat it wat efterôf leit). Wol ynpoldere is de mar dêr’t no it nôt stiet. Dat moat de Makkumermar wêze, dy’t yn 1878 ynpoldere is. Der is hjir in begjin fan histoarysk belibjen. It moat hjir gean om in oantinken fan hast fjirtich jier lyn oan in besite yn 1883 op Brekkerhûs, de pleats fan syn ûnderwilens ferstoarne skoalmaat fan it gymnasium, Ype Yntema. Dy pleats stie krekt bûten de mar, oan de Skuzumer kant, mar hearde doe noch by Allingawier. Wat de dichter troffen hat en wat him safolle jier letter reden jout om deroer te dichtsjen, is wer in lokswjerfarren. Geheim, dream en wûnder binne dúdlike synjalen fan ûnútspreklik lok. Ek hjir wer ferliest er him yn ’e tiid. Der is sels in trijefâldich gearfallen: eigen oantinken oan lang lyn, fiere tiden en it momint fan waarnimmen sels wurde diel fan ien belibjen.

(5) SNEIN-TE-MIDDEI (1922)

Ik seach de jonkheid kearen fan it feest,
In striid fan krêft en jeugd, mei sang en rop;
Op ’t skouder los de kleurige banier,
It iepen wezen ljocht fan sinnegloed. –
In oare stream, op ’t lichte, flugge wiel,
Strykt my foarby, de fleur’ge fierte yn;
Ik, op myn rêstich paad, lit jeugd betsjen,
En drink it lok fan simmer en fan ljocht.
Bliid leit de greide yn rynske pronk; de pleats

Op ’t oerâld stee is ien mei hôf en fjild.
Ik skôgje yn dream de wide lannen oer;
Hja binn’ my nei: ik wit har âld berin
En seach wa’t har befredige as syn erf;
Wat frjemdte wie dat is as eigen hiem.
– En wer sjoch ‘k nei wat rêd foarby my teach,
De libbensstream, dy’t giet sa as er moat.
Farre fuort! Lit wyn dy troch de hierren sûze,
Ik lit oan jonkheid jern de grutte wegen,
Myn dream giet iepen wol op stille paden.

Dit gedicht is mei in pear oaren út 1922 it earste wêr’t it de skiednis fan it lânskip is dat it wjerfarren bepaalt. Syn argyfûndersyk hat Postma dêr gefoelich foar makke. Dêrtroch kin er yn it besteande it âlde werkenne en dêrmei it bliuwende en gelikense. It spilet yn Grinslân, Postma is op wei nei Wierum. Hy sjocht de pleats, it âlde stee, it hôf en it fjild en hy ken de eardere bewenners, want yn argiven hat er har nammen fûn. No kin it lân dêre him eigen wurde, lykas Fryslân fanâlds al west hat. De libbensstream, it bliuwende dat trochgiet en belibbe wurdt, ferbynt de dream fan de dichter en it aktive belibjen fan de jeugd.

(6) DE LODDE (1923)

O earste gravens wûndere bedriuw!
De ierde, dy’t ús draacht, jout mei!
Do stekst de lodde er yn, hy giet yn ’t lichem op;
Dy grutte, machtige ferwint dyn krêft!
Do dolst dy hoale en grêft; de bult,
Dysto dy winst, wurdt terp of dyk;
Der is gjin ein oan watsto bouwe silst!

Yn ’t lytshús leit al ’t ark:
De lodde en skeppe, sibben, nêst inoar;
Dan – bandigers fan wâl en sleat –
Snijseine en heakkel; stikelspar en houwe,
It lichter reau.
De lodde is dyn maat, dyn hân
Past om ‘e jelt; it yl kaam fan dy feint!
It gledde blêd is skuorre fan dyn krêft,
Asto mei macht it dreauste yn ‘e grûn,
De wrede klaai tebriekst.

Dy sleat hast slatten; yn ‘e greide hast
De fuorgen dold.
Dy bou hast hakke mei dyn sterke freon,
Hoe mannich jier! It izer sliet,
Dyn lichem mei; en stiif en krom
Sa makke it wrotten dy; hast is dy ’t wurk ûntkomd.
– En allegearr’ wêrfoar? Moarn sil dyn âlde maat
Yn oare hân dy grave it stee dêrsto yn rêste silst;
En alles is foarby.

Mar yn dit gea, myn bodder, hasto boud
En dien wat moast. ’t Hie sûnder dy
Syn plak net sa yn al it ierdske hân.
De fruchten fan dyn hân
Bring’ ús fan al ’t bederf har part;
Dyn sleat is d’ ieuwen oer in skieding fan it erf.
En ast’, de lodd’ op ’t skouder, jûns nei hûs ta giest,
– De sinne blinkt der op: in byld yn gouden glâns –
Wa gûn syn wegen yn in suv’rer skyn?

”De spade (hak, leppe, lod) is het beeld van de eerste arbeid in de grond. Daarmee wordt de grond omgebroken om het zaad te kunnen opnemen en daarmee worden sloten en greppels gegraven, die de landerijen afscheiden en dienen tot afvoer van het overtollige water.” Sa stiet it yn Postma syn skôging oer De Friese Boer – toen en nu. It stik is fan 1952, hast tritich jier letter as doe’t it byld foarm krige yn it gedicht. It komt wol faker foar dat der in parallel is tusken it dichtwurk en de stikken fan stúdzje. It gedicht is faak earst. Dêr hat er dan de bliuwende foarm yn fûn foar syn fizy. It gedicht giet oer it bliuwende nut fan it lânwurk. Wat mar in ienfâldich stik ark liket, wurdt betwinger fan de krêft fan natuer. De lodde, mear as ien kear maat en freon neamd, is mar de tsjinner fan him dy’t it stik ark brûkt. Dy mei dan weireitsje, hy hat dien wat dien wurde moast. It binne deselde wurden dy’t Postma op it alderlêst fan syn libben oer himsels notearre: ‘Mar ik haw dien hwat moast.’ Dat siet him heech. Al yn it gedicht Hjerst fan 1903 hjit it: (myn ferlangst is) ’sûnder print fan died net út it wurk te gean’ en yn It wurk fan 1912 hat er it oer minsken dy’t fan har dwaan in print hjir efter litte wolle. Hjir wurdt oan it wurk op it lân tocht. Dat past yn syn ûntwikkeling, want no hat er each krigen foar de skiednis fan it lânskip. De wrotter hat syn spoaren neilitten. Ien fan dy spoaren is de lodde sels, mar as spoar fan earder is de sleat belangriker. Postma hie noch net lang lyn ûntdutsen dat sleatten al hiel âld binne. Troch al dy spoaren kin de lodder yn suvere skyn as byld bewarre bliuwe, dat wol sizze: stiet er bûten tiid en stee.

(7) LYK AS YN JONGE TIID (1924)

Lyk as yn jonge tiid myn rinnen sneins,
Troch ’t simmersk lân, mei âld’re trouwe freon,
Sa wêze, maten, jimme reis mei my;
Hjoed hat wer wat fan d’ âlde langst my dreaun.

Hoe gûnen wy – wie ’t jimmer sinne en ljocht?
Mei flugge stap de blide lannen yn!
De frjemde paden brochten wûnd’re njû,
De geaën leinen yn in nije skyn!

O ’t binnenpaad de blanke finne troch!
Gjin swieter stee as dêr’t de klaver rûkt;
Hjir oer in hout, dan wer in foarhaad lâns;
O, hoe’t ús – bern – dochs jimmer wiksel lûkt!

Koesto dat doarp? Sjochst hoe ’t om hege terp
De feart him slingert? ’t Hiem nei ’t wetter ta,
De huzen stean yn ’t rûn; op heechste kling
Leit frij it hôf; de winen sprekke ‘r sa!

Sjochsto dat hûs? It bochtich tek is grien,
De âlde ruten jouwe lytse dei;
Mar wite râne siert de muorren op,
En ek foar hûs d’ abeeljen pronkje ‘r mei.

Sjochsto dat hôf? In mânske rige stiet;
Oer har binn’ ropp’ge stoarmen gien,
Mar sterk haww’ hja de earmen bûgd
En hjerstmis as in kening stien.

– O freon, Jo binne wei; wy haww’ Jo brocht
Nei ’t lêste stee; en wat ik sjong is wei,
Of hast fergûn – o ûnbegryplik eat!
Ferstoarn, fergûn en dochs yn ljochte dei!

Hjir wurdt ophelle wat Postma en syn eardere skoalmaster Hellinga yn 1891 op in lange kuier sjoen en belibbe hawwe. De reis sil gongen wêze oer Ingwier, de Wûnser Wearen en troch de Makkumermar. It doarp is Allingawier. It gedicht is makke op it ferstjerren fan Hellinga. It twadde part fan it gedicht mei syn feralgemienjend ’doarp’, ’hûs’ en ’hôf’ abstrahearret fan it konkrete gesicht. De tiid is ûnderwilens in foarmjend begjinsel yn Postma’s gedichten wurden.

(8) IT LIBBEN DAT FERGONG (1925)

In macht’ge rige stiet oan ‘e oare kant.
De foarsten binn’ my nei: hoe klear en grut
Haw ik har foar my stean, sa libben as
Wa’t nêst my is! En mei har komt
It folk dat har bestiet; dy hjitte libben noch,
Mar wat har stalte wie, ferstoar sa goed
As dy’t men deaden neamt; of better wol
It iene bleau as ’t oar.

Hja binn’ net bûn
Oan foarmen fan ien dei; ’t giet hinn’ en wer
Sa as de siel ferweecht: in wiks’ljend spul.
De freonen fan myn jonkheid allegearre
Gean my foarby. Ik sjoch har wêzen klear,
De dei, de wyn dy’t troch de reiden giet,
Nimme har op; der is gjin skied
Fan doe en no; dy’t oer de tearen rint
Fan ’t wetter, draacht har byld.

Myn stalten bring ik gear nei doarp en stee;
En yn it hûs de slachten komm’ en gean:
Sa is it drager fan in fiere stream;
Mar fêster hâlde wier en wurk’bre grûn.
O hûs en terp en lân! Hoe fiere jimme mei
Nei tiden griis en âld! De brike muorre
It tek, it lytse ramt, hja sprekk’ in taal
Us nei en goed. En op ‘e terp mei plak
Foar went en hiem – feilich lyts ryk
Opboud fan eigen krêft – o as wy stean
Dêr heech oer ’t gea en sjen de lannen oer,
Hoe komt in machtich fielen by ús op!
Har weiden, moedsum lutsen by de hichte op,
Komm’ op ús ta; wer roppe oer ’t fjild de kij,
En effen hearre wy it eineguod.
O fliten lang fertein! Hjir mei jimm’ del te gean
De himrik út, oan ‘e ie ta dy’t
De geaën skiedt! It gers fiel ‘k yn myn hannen
En ik rûk de grûn…
O dit giet bûten tiid! Wy binne diel
Fan selde wrâld, hoe koe der oars
Sok fielen troch ús gean?
Ien siele, ien begryp omfiem’t it al.

Dit gedicht drukt út wat Postma op oare wize letter yn de Friesche kleihoeve (1934) docht. Yn de wittenskip, sa skriuwt er yn it Foarwurd, sprekt in oare kant fan ús wêzen, ”waarbij we ons niet verliezen in de aandoening der algeheele overgave, maar meer actief wat buiten ons is, hier het verleden, door het begrip tot het onze trachten te maken.” De dichterlike oandwaning omskriuwt er dêr mei wurden en bylden út dit gedicht en út Peaskemoandei (1927) sa: ”En op deze stille plek [op in lytse, hege terp], naast dit oude binhuis, met deze steile ”reed” voor ons, voelen we ons als door vreemde krachten eenige eeuwen in den tijd teruggevoerd. Wij zien de oude boeren, het lang vergane geslacht, met de zwaar beladen hooiwagens moeizaam de hoogte beklimmen en een machtig gemeenschapsgevoel, dat heden en verleden omvat, vervult ons geheel. De dichterlijke geest vindt zijn bezieling.” Letter sil er yn it gedicht Fan de iene boarne (1954) nochris deselde sitewaasje beskriuwe. Ek oare bylden út dit gedicht komme op oare plakken werom, ek earder al. Mar nij is hjir it letter faak werhelle besef fan in alles omfiemjende siele of in allesomfiemjend begryp à la Plato, dat neitiid sa’n grut plak yn it wurk ynnimme sil. De basis dêrfan wurdt hjir ek ûntwikkele en dat is it ien fielen mei lang ferstoarne geslachten.

(9) OP SOKKEN DEI (1926)

Op sokken dei – de wyn is koel en heech,
Fier yn it westen glimt it iere rea;
De wei leit foar my út: in blanke reed
De wrâlden yn; de siel bespant it gea.

Fêst riist der foar my op yn ’t donk’re lân
In ljochte wentenring, de skuorren, steech,
Ferbrekke foars it al te wettysk flak;
Ien stins, út âlde ieu, giet rank omheech.

It is gjin doarp as oare, boud fan klaai
En reid; ’t kin net as hja fergean;
In byld, begryp, wat namme moat it ha?
Mar ‘k wit, it sil yn ivichheid bestean.

Ien part is uzes: goddelike jeft’
Sa fêst te hâlden yn ien byld wat wie,
En mei te bouwen oan in macht’ge stêd,
Wêr’t wente hat wat ierdske stalte hie.

Op sokken dei – yn ’t koele hjersteljocht
De huzen riigje har yn ’t byldflak gear;
Elts blanke finster hat syn eigen skyn,
En ’t libben bringt syn tûzenstaltich hear.

Ut Eduard Zeller syn skiednis fan de grykse filosofy tekene Postma om 1900 hinne oan: ”Het werkelijk zijn komt (dus) alleen toe aan ’t in het begrip voorgestelde wezen der dingen.” Dit idee fan Plato komt hjir ta uting, lykas op safolle mear plakken yn e gedichten, bygelyks yn De idee fan Koarnwert (1951). De machtige stêd is diel fan it werklike wêzen, dat net fergean kin en dat de dichter yn byld of begryp stal jout. It doarp hjir is ek it begryp fan in doarp. It âlde fan ieuwen lyn past der likegoed yn as de huzen dy’t er no sjocht. Yn it tûzenstaltich hear fan it libben, hoe wikseljend fan foarm dus ek, herkent er dat wat ivich is. Soks te kinnen is de goddelike jefte yn in minske. Wyn en wolken (de blanke reed) helpe him dêrby. It gedicht is oars as de earderen allinnich ferbylding, gjin lânskip út eigen oanskôgjen en wjerfarren. It heart wol ta de meast karakteristike gedichten fan Postma as unyk dichter.(10) FOARJIER (1927)

O ljochte tiid! O wille sûnder miet!
Gearkommen bliid fan minske’ slachte swiet!
O heit en mem, doe’t yn it hôf de pronk
Fan maaietiid jimme yn ‘e siele sonk,
Doe kaam my dizze leafde oan.
O fiere faar en moer, doe’t – hân by hân
Oer terpe-delgong nei it bloeiend lân –
De lije wyn it wêzen stil berûn
En sêfte twang it wylde hert ferwûn,
Doe kaam my dizze leafde oan.
In ferklearring fan syn leafde foar de maitiid: de leafde fan syn âlden en syn fiere foarâlden wie ek oan de maitiid bûn. Dy fiere faar en moer yn it bloeiende terpelân lykje Adam en Eva yn it Paradys wol. Tafal of net, mar John Milton lit har yn syn Paradise Lost ek hân yn hân troch de Hof fan Eden rinne en neamt har syn grand parents.

(11) PEASKEMOANDEI (1927)

Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;
De pols op ’t skouder, foarjiers-dronken.
Ik bin te âld om dronken te wurden,
Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op ‘e jas
En wiid set ik de sinnen iepen.
Ryk en bliid leit it lân,
Griene teisters driuwe fan ‘e wâl ôf de sleatten op;
Ut it westen komt de fochtige wyn.
Efter doarpstún en hiem bliuw ik stean.
It âld stek en rou haach-guod wyld begroeid,
De gloaiende wâlen sa grien!
De brune sleat fol tyljende maitiidsgeur;
En oprinnend nei ’t hege, út modder en weaze,
De hokken en stekken fan ’t boere-eigen,
En tsjillen en slachters; en dan it binhús
Earen sa steatlik, no âld en skeamel!
O dit allegearr’ mei ien streek te omfiemjen,
– As hy dy’t ik net neame sil! –
En by it bargehok stean ik as in muorre.Lieuwkama te MakkumPostma rint foar ’t neist fan de Makkumermar oer Leansein troch de lannen nei Lieuw – kemastate yn Makkum (dat lêste is yn alle gefallen wis) en heart jonge manlju út de Him – men kommen. Dat is in byld fan ûnfergonklikheid, want út dy Himmen (in namme dy’t nei de himrik út de Mids ieuwen ferwiist) komme al ieuwen manlju dy’t dêr mean den of oar wurk hienen. De dichter is ien mei har yn foarjiersdronkenheid, ek al seit er oars, en wurdt ek ien mei it âlde boerehiem, yn him is alle libben ferienige. Hy woe wol dat er al dy ienheid werjaan koe as Rembrandt (waans namme er suggestyf net neamt) – en sjochdêr it slagget him yn de lêste rigel. Perpleks fielt er him ien mei alles om him hinne, sels mei it bargehok.

(12) LIET FAN IN LYTS-BOARGER (1928)

Ik bin mar in lytse bourgeois.
Gjin erfomke nimt my mei nei syn bankklûs,
En gjin arbeider yntrodusearret my yn syn fakferienigingsgebou.
Mei tûzen triedden sit ik fêst oan it libben fan de koelak.
Myn heit en myn pake hienen mear as twa kij en in hokkeling,
En wis wol lieten hja arbeidzje foar lean.
Net as in frjemd kaam ik yn it bûthús
Om de waarmte te siikjen en it ljocht fan de lantearne.
Al in pear slachten hienen myn âlden har erf;
Hoe soe ik oars de hoarnlegers witte en al de gewinten
Sa as dy har foegje.
En de âlde huzen nei fekken bemetten?
Mar no kin ik net wêze as de yndustrieel,
Ik kin net de barns fan galvanisearre izer besjonge
Of de machtige fjilden dy’t de motor bestrykt.
Ek kin ik net as de wrâlddichter wêze,
As er Flaanderens flakten besjongt, heech as ien dy’t it net oandocht;
Om’t ik hear by har
En yn har eigen taal sjong ik foar har.
Sa sil ik wol bliuwe moatte wa’t ik bin,
Fêst oan it ferline en it fryske fielen;
De wrâld sil my gjin acht slaan,
Mar faaks sille my tadien wêze
Dy’t stienen op ‘e terp en de himrik ôfeagen.
De dichter stelt him quasi-beskieden op: hy is mar in lytse bourgeois, gjin kapitalist as dy omke fan Marnix Gijsen, noch sosjalist (as hokker dichter?), en oars as Emile Verhaeren, ek in Flaming lykas Gijsen, is er gau oandien. Syn foarfaars wienen boeren, him sille dêrom allinnich ferstean sy dy’t yn it Fryske terpelân thús wienen. Mar pas op, sa beskieden is er no ek wer net: troch dy bining kin er oer de grinzen fan de tiid hinne rikke. Sa ûnbetsjuttend is in Frysk dichter dus net! Opfallend yn dit gedicht binne wurden as bourgeois, koelak, yndustrieel, galvanisearre izer en motor. Se roppe in oare wrâld op as de Fryske, dy’t er oars altyd op himsels besjongt. It ferskil wurdt ekstra oanset troch wurden as hoarnlegers, gewinten, fekken en himrik. It gedicht is dêrom op te fetsjen as in ekspearimint mei de nije saaklike styl fan de jierren tweintich.

(13) DE HIKKE (1933)

In fêste wachter stiet er op ‘e daam
Tusken de peallen, neigeande, op syn stee;
Skier en ferware yn in trouwe tsjinst,
Beskutter fan it erf, warder fan ’t long’rjend fee.

Syn fjouwer planken lâns, syn standers óp
Joegen de ieuwen oer oan ’t gea har stal;
En tsjochst nei ’t noard, de griene marsken del,
Dy bliuwt dyn freon yn rige sûnder tal.Foar ús gong er net op; syn omstap wie
It paad nei doarp en dyk; mar – swiidste tij –
As foars de weide nei de skuorre swinkt
Dan makke er wiid de wei nei ’t hiemstee frij.

By him wie ’t wrinzgjen as de leane lâns
Kaam jûns de maat. En mannich kear
Wie hjir it ôfskie yn ‘e ljochte nacht,
As leafde hie har lêste stom petear.

Hikke, tekening fan PostmaDit gedicht sil syn ynspiraasje te tankjen hawwe oan it reiske dat Postma yn 1928 nei Noard-Frys lân makke. Dêr seach er de oerienkomst yn lânskip mei Fryslân. Tusken Heide en Husum sjocht er út de trein wei dit: ”Friedichstadt haast een hollandsche stad, behalve toren met groen dak. Links een dorpje, waar een kerk op een terp schijnt te liggen. Precies friesch landschap, behalve rood vee. Veel klaver! Boerehuis duidelijk op terp, boomen op wal van sloot, hoog. Passeeren dijk; huizen op dijk (arbeiders) en een op terpje naast dijk. Links in de verte dijk en rechts geestrand. Ook slooten flink breed, precies als bij ons. Hekken precies al bij ons.” En dan makket er in tekening fan sa’n hikke: fjouwer dwarsplanken tusken twa einpeallen en yn ’e midden in planke mei skeane planken fan boppen nei ûnderen oer dy planken hinne.
It gedicht is in foarbyld fan epyske lyryk, in uterste objektivearjen fan gefoelich wjerfarren. Lykas de gedichten De lodde fan 1923, Doarp (1929) en In hûs (1930) is dit in besykjen om it Fryske wêzen yn ien byld te fangen. Oars as yn In hûs, dêr’t de dichter de dingen yn ljocht en dream foar him sjocht, jout er hjir in saaklike (wat net sizze wol: gjin gefoelige) beskriuwing. It is net it earste wêr’t er oare Fryslannen yn behellet. Dat is By ’Aus meinem Leben’ fan Friedrich Paulsen út 1927. Oare foarbylden binne Grutter Fryslân (1936) en it bekende Fan it Fryske lân (1937).

(14) JUSTER (1935)

’t Wie juster, sa’t de greve skôge it wurk:
De kling, dy’t húsman houde ta in wier
Foar fee en folts, har feilich honk;
Nòch flakke goaën wûnd’re sier.

’t Wie juster; effen kriemd hat sûnt
De himmelas. Wy komm’ te ried:
Wie ’t mânsker net as piramidebou
Foar kening-god? Us heitene died!
Is it noch juster? D’ oere rint
En stadich wint de see. Fersinkt it lân?
Draach oan it hoar, lis fêst mei iik.
En slút de gouden bân!
Sa wrotte oerbestean oan terp en dyk
As barren fan natoer. – Mar oare stûn’,
Oftakke en ferslein d’ âldieuske krêft
En hie gjin hâld; sa is fergûn?

It gedicht slacht op it ôfsluten fan de Sudersee, dat yn 1932 syn beslach krigen hie. Wat troch de ieuwen hinne in útdaging west hie, bestiet net langer. Der is in brek yn de tiid, juster is foargoed ôfsletten. Mar wat krekt is fergûn? Fansels tinkt men dat it op de see slacht, mar dy puntkomma kin op wat oars tsjutte. Soe it net de krêft en de ienheid fan it folk wêze kinne, dêr’t sa’’n klam op lein wurdt? Yn dat ferbân komt in útlitting fan Postma yn in skôging De Friese Boer – toen en nu út 1952 fan pas. Hy skriuwt dêr: ”De grotere vrijheid die de boeren hier [yn de Midsieuwen] hadden, vergeleken met andere streken, wordt op verschillende wijze verklaard. De overleden historicus prof. Gosses, schreef dit vooral toe aan de gemeenschappelijk gedragen gevaren van de zee. Men moest zich verenigen om aan die voortdurende dreigende gevaren het hoofd te bieden en daarbij zijn uiterste krachten inspannen. Zo verwierf men zich een zekere mate van zelfbewustzijn en van zelfstandigheid.” Wat dy útdaging oan giet, it ferwinnen fan de krêft fan de natuer, dêr begjint it gedicht De lodde ek mei.

(15) FAN IT FRYSKE LAN (1937)

Haww’ jimm’ wol west op de terp te Biessum, en binne de reed syn suvere ring gûn –
De huzen dêr oan, de bûtdoar nei de wei keard?
In tsjerke koe net wurde; folslein oars it karspel.
Of dan te Weiwerd – folmakke – de tsjerke yn it mulpunt,
Of te Marsum, ferdold, mar it hôfke behâlden?
Te Ezing’ fansels binn’ jimm’ kundich; mar haww’ jimm’ ek stien te Oostum,
Of te Wierum op ’t heechste en de fjilden sjoen wiid om jimm’ hinne?
Dat alles is Fryslân.

Kenn’ jimm’ de marsk fan de Krummhorn?
Haww’ jimm’ makke op ‘e geast fan Aurich nei d’ Upstalbeam Friezene pylgertocht?
Faaks binne jimm’ tein, by Ditmarschen lâns en by Eiderstedt op Noardfryslân ta
Om de sprake te hearren en de Halligen rizen te sjen!
Mar haww’ jimm’ ek west yn ‘e greide en it gers yn jimm’ hannen field,
En haww’ jimm’ it wetter preaun út de fething fan Nommenswarf?
Dat alles is Fryslân.
Yn Hollân haww’ jimme west; mar haww’ jimm’ de dyk om West-Fryslân sjoen en de ‘dorpen’ fan Schagen?
En hawwe jimme wol ris west – sa moat ik noch freegje – te Tsjom,
Sintrum fan âld Fryslân, kearn fan de klaai fan it Westereach?
Kenn’ jimm’ de pleatsen fan Tritsum en Teetlum yn heel har berin,
En de diken, de platte, slein om it âldste gea?
En haww’ jimme stien op terp of op dyk en de âlden dêr wrotten sjoen foar lân en foar libben?
Dat alles is Fryslân.Alles wat Postma hjir neamt, hat er sels sjoen. Oars soe er der ek net oer dichtsje kinne, soe er wol sizze. Yn syn oantekenskriften docht er ferslach fan de reizen en reiskes dy’t er sa foar en nei makke om foar syn stúdzje it lânskip hjir of dêr te besjen. Oer Schagen en omkriten hie er noch skriuwe wollen yn syn Friesche kleihoeve, mar de oantekens út argiven dêre hat er net brûkt. Oeral yn it gedicht ferbynt er it gea mei elemintêre wjerfarrens: oer de fjilden sjen, it gers yn ’e hannen fiele, it saadswetter drinke en tinke oan it wurk dat ea dien is om it lân te winnen. Echt ta libben wol it gedicht net komme. It beskriuwende elemint oerhearsket tefolle.

(16) HISTOARJE FAN BOEREN EN PLEATSEN (1939)

De boer fan dy pleats is stoarn; en de frou is stoarn,
En fan de bern binne der al wei komd te reitsjen.
Mar dy pleats is net âld; op in oar stee hat in âlder spul stien,
Dêr is de boer berne en syn heit en mem binne dêr wei fuortreizge.
En âld wie dy pleats ek net; dy hie gjin stim,

It wie gjin skotsjittend hûs. Dat lân hie by oare pleatsen heard;
Dy wienen âld en dy hienen stim.
Dat wie om’t dy pleatsen dêr fan âlds west hienen.
By âlds hiene har foarfaars dêr sels har tsjerke boud,
En oer har pastoar hienen hja as patroanen sizzing hân,
De pastoar dy’t har bern ta Kristenen makke,
En dy’t har op it uterste sterke mei de genede fan Gods lichem.
En allegearre binn’ hja ferstoarn. Hoe soenen hja net?
It wie sa foar har besteld en oare bouwers moasten har pleatsen hawwe.
Mar earne moat noch libje it strieljen, dat fan har útgûn is de ether yn,
En as ik my sels sjoch, moat ik eat fan har wêzen sjen.It gedicht spilet op it boerelân en stiet alhiel yn it teken fan ferstjerren. Safier as er mar werom gean kin, noch oant yn de foarkristlike tiid ta, ropt Postma de deaden op. En dochs libje se yn him fuort. It is of stelt er dat yn it plak fan it kristlike byld fan in ivich libben.

(17) FAN FUORGEN EN SLEATSWALEN (1948)

Dit moast no myn lêste dicht wêze.
Net mei ljurkesang en bloei fan hagedoarn – dat kin elts wol – moast ik fuortgean,
Mar mei it ned’richste fan de greide, as ien dy’t de ierde belibbe hat.

Fuorgen en sleatswâlen jouwe oan it fryske lân syn stal;
Nei de fuorgen bûge de ikkers har ta, nei de sleatten de gewinten.
Yn ‘e fuorgen hast freugdich it streamke sjoen as it muorm’ljend it lege siket;
Yn ‘e wâlen hast diken en havens boud yn dyn lustich wrotterslibben.
Mar dan wer de sleatten yn blanke skyn, wiidút, yn ‘e donkere lânen.

Op ‘e sleatswâl siet Rembrandt doe’t er Diemen úttekenje woe,
En ik hie der myn stee om de wein mei melkersfolk de lânen út riden te sjen.
De wein rattelt oer de reed de efterútse lannen yn;
Fierder, al fierder! Wat bochtet dy wei! Sille hja in libbenstiid troch ride?
– Mar dan sjoch ik Durk Ottes, dy’t ik wol kennen haw, en Ljubbe fan 1300 út it skiere opkommen…

‘It sil bestean’, sizze hja, mar wêr is de terp fan Durk Ottes bleaun, en it hûs en al it wêzen?
De grûn is dochs it fêste dat bliuwe moat!
‘En do mei dyn fuorgen en sleatswâlen, wêr sille hja keare as de produksjekosten omleech moatte?’
En, sis ik sels, as de kolchozen komme?
En as der misdiedigers ferskine dy’t hele foltsen oerplantsje wolle,
– Of oars mar fuortdwaan lyk as Durk Ottes Akke har túntsje?
O, allinne yn de Geast kin eat behâlden bliuwe!

Rembrandt. Gezicht op  DiemenLykas yn Fan it Fryske lân wurdt yn de earste beide strofen fan dit gedicht in ferbining lein tusken lânskip en wjerfarren. Oars as dêre giet it him hjir net om grutte kriten, mar om it lytste detail. Sa hat dit gedicht in soad fan De hikke, dêr’t it ek giet om in lyts – mar markant – ûnderdiel fan it lânskip. Ek mei it gedicht Juster is der in belangrike oerienkomst. Lykas dêre hâldt him hjir de fraach dwaande oft eat wol bewarre bliuwt (sa’t er sels sa faak seit).

It rint derop út dat er wer foar him sjocht hoe’t er as jonge de wein oer de reed troch de lannen op nei Wûns riden seach as soe der gjin ein oan komme en dat liket no ek wer sa, want út fiere tiden komme dan op Durk Ottes, in Wûnser boer (Reitsma hjitte er) en fan noch folle langer lyn, Ljubbe, grif ek in Wûnser. Dan komt er wer mei de fuotten op de grûn. Oaren heart er sizzen dat soks mar ferbylding is en dat alles dochs mar ferdwynt of opromme wurdt, en dêr slút er him by oan. Troch dat te sizzen komt namstemear út hoe’t it dochs allegearre bewarre bliuwt. Dat is yn de Geast mei in haadletter, de allesomfiemjende geast. Syn gedicht is part en útdrukking fan dy geast, lykas ek Rembrandt syn tekening fan Diemen. Utgongspunt fan it gedicht hat grif it magyske belibjen fan him en Rembrandt yn in sleatswâl west. De sleatswâl komt faak foar yn de poëzy fan Postma, altyd om itselde – sublime – wjerfarren.

Philippus Breuker, maaie 2009

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *