YNLIEDEND DICHT FAN DAS STUNDENBUCH

YNLIEDEND DICHT FAN DAS STUNDENBUCH

Dêr niicht him de oere en roert my oan
Mei kleare metalen klang;
My trilje de sinnen. Ik fiel: ik kin –
En ik twing de foarmene drang.
 
Neat wie noch folein’ge ear’t it ta my kaam
En alle wurding stie stil.
Myn loaitsen is ryp, en as in breid
Komt elts it ding nei syn wil.
 
Neat is my te lyts, en ik haw it dochs leaf
En miel it mei goudstof rij
En hâld it heech, en ik wit net wa
Lit it de siele frij.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *