YN JUNY ’45

YN JUNY ’45

Ik siet op ’t muorke, kostb’re sit
Oan ljochte bûtengrêft;
Dêr foar, dêr oer, it libben spul
Fan fyts en autokrêft.
 
De simmer hat syn swietste rook
Yn gouden linebeam;
Muzyk fan fieren: Bernardsdei;
Fan lûd en rook de dream.
 
Wy binne frij. It is wol oars:
Hie ’t parkje ea dy toai?
Foar Joaden net, foar nimmen net;
No stêdmans kostlikst moai.
 
Dan sjoch ’k my sels; de skoech beplakt,
It lichem wol sa skraal
As doe’t ik siet, jimm’ witte wol,
Op ’t pealtsje oan ’t kanaal.
 
Mar ’t is meast bûtenspul; it hert
Hat wol syn moed.
It nimt de ljochte skinen oan
En ’t mear as rjochtlik hjoed.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *