YN IT IERE FOARJIER

YN IT IERE FOARJIER

 
Teare blommen sêftkes weve;
Sigen wurdt yn ’t strûkguod wei;
Iere maitiids jong ferheugen
Trillet yn ’e ljochte dei.
 
Parrebeam yn tichte knoppe
Is fan jonge hope swier;
Lichte michjes fleurich dûnsje,
Yn’e ring, foar ’t blide jier.
 
Klaske giet yn wûnder dreamen
Stil it lytse hôfke rûn,
Bûcht har nei de blommefamkes:
O wat leafde hat hja wûn!
 
Memke sit op ’t stalt te skriemen,
Droefswiet komt de tiid werom;
O, it skruten iepentearen!
O dy keine jonge blom!
 
Oan grêftswâl yn foarse gerzen
Libbet groeikrêfts iv’ge stream;
Yn it djippe, kleare wetter
Spegelt fiere himmeldream.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *